‘Ierske reus’ nei goed twa iuwen út kolleksje Britsk museum
Resint ferskynd

Bonkerak fan Charles Byrne (foto: Wikimedia Commons/Emőke Dénes – CC BY-SA 4.0)
It Hunterian Museum yn Londen hellet it iuwenâlde bonkerak fan Charles Byrne út de kolleksje, om “gefoelichheden en ferskillende opfettingen” oer it museumstik. It ramt fan de Ier, dy’t yn de 18e iuw fanwegen syn lingte in opfallende ferskining wie, wie mear as twahûndert jier ûnderdiel fan de útstalling fan it Britske anatomysk museum.
Byrne waard yn 1761 berne as Charles O’Brian yn wat no Noard-Ierlân is. Nei alle gedachten troch in oandwaning oan syn hypofyze makke er te folle groeihormoanen oan, sadat er úteinlik goed 2,30 meter lang wie. Hy waard ek wol de ‘Ierske reus’ neamd en gou yn Londen as ferneamd persoan troch syn optredens by saneamde freakshows. Koart foar syn dea yn 1783 sei Byrne dat er woe dat syn lêste rêstplak yn see wêze soe, nei alle gedachten om foar te kommen dat anatomen syn lichem foar ûndersyk ûntlede soene. Mar de Skotske anatoom en sjirurch John Hunter slagge der dochs yn om it lichem fan Byrne yn hannen te krijen, trochdat er freonen fan de Ier omkocht hie.
Mei oare anatomyske foarwerpen út de kolleksje fan Hunter kaam it bonkerak fan Byrne yn 1799 yn it nei de sjirurch neamde Hunterian Museum telâne. Yn ’e rin fan ’e tiid binne ferskate kearen fragen oer it tastân kommen fan it museumstik steld, oant no ta sûnder resultaat. Dêr komt no dus feroaring yn. It skelet fan Byrne komt fan ’e maitiid net yn it museum werom, as dat nei in renovaasje fan fiif jier wer iepengiet. It museumbestjoer seit dat dat beslút nommen is nei petearen yn ’e renovaasjeperioade oer de gefoelichheden oangeande it bonkerak.
“John Hunter en oare anatomen en sjirurgen út de 18e en 19e iuw hawwe in protte foarwerpen ta harren foldwaan krige op wizen dy’t tsjintwurdich net as etysk beskôge wurde”, lit it bestjoer witte yn in ferklearring dêr’t CNN oer skriuwt. “Dy ûnderwerpen moatte terjochte opnij besjoen en bediskusjearre wurde.”
Neffens it museum, dat yn it gebou fan de Britske beropsferiening fan sjirurgen fêstige is, bliuwt it skelet beskikber foar “bonafide medysk ûndersyk” nei oandwaningen oan de hypofyze, dat in grêf yn see kriget Byrne foarearst net.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje