Iepening gedichterûte Spannum en lêzing Waling Dijkstra snein 22 jannewaris
Resint ferskynd
Op snein 22 jannewaris 2023 sil yn Spannum de gedichterûte dy’t yn it teken stiet fan Waling Dijkstra iepene wurde. Dêrnei fersoargje Abe de Vries en Bert Looper yn Us Gebou in lêzing oer it libben fan Waling Dijkstra en wat er foar de Fryske taal en toanielkultuer betsjut hat.

Waling Dijkstra (boarne: Team Waling Dijkstra)
Yn febrewaris 2022 hat Team Waling Dijkstra in gedichtekriich útskreaun foar it hiele doarp. Wa kin, krekt as Waling Dijkstra om 1850 hinne dien hat, in gedicht meitsje dat de skjintme fan de natuer by Spannum beskriuwt. Der kamen moaie fersen yn, mar it gedicht ‘Belibje’ fan Yfke Bakker-Feenstra sprong der boppe-út. Diskear gjin simmermoarngedicht, mar in fers oer de maitiid. Dat winnende gedicht is yn ’e gedichterûte fan Waling Dijkstra opnommen.
Waling Dijkstra is healwei de 19e iuw syn karriêre begûn as bakker yn Spannum. Neist it bakkersfak begûn Waling yn Spannum ek aktyf yn it skriuwersfak te wurden. It bekende ‘Simmermoarn’-liet hat er skreaun doe’t er yn Spannum wenne.

Spannum (boarne: Team Waling Dijkstra)
Om Dijkstra syn wurk te earjen en it Frysk sichtber te meitsjen, hat Team Waling Dijkstra alve fan syn fersen ferwurke yn de rûte troch it doarp. It projekt is in ûnderdiel fan it Waling Dijkstraprojekt dat yn ’e earste helte fan juny 2023 syn hichtepunt belibje sil mei it iepenloftspul oer Waling Dijkstra syn libben: Wat bisto leaflik!?. Dêr binne de tariedingen al folop foar oan ’e gong. Dick Jansen hat it stik skreaun en syn frou Tineke Broers regissearret it stik. Thom Zigterman is drok dwaande mei it komponearjen fan de muzyk dy’t CMV Oranje by it iepenloftspul hearre litte sil.
Om alle frijwilligers, spilers en oare belangstellenden mear oer Waling Dijkstra syn wurk en syn libben witte te litten, fersoargje de Waling Dijkstrakenners by útstek, Abe de Vries en Bert Looper, op sneintemiddei 22 jannewaris in lêzing oer him yn it doarpshûs Us Gebou yn Spannum. De iepening fan de poëzyrûte en de lêzing sette dy sneintemiddei begjinne om 14.00 oere.
De gedichterûte en lêzing binne mei mooglik makke troch in bydrage fan Gemeente Waadhoeke, Fryslân Fûns en Enerzjykoöperaasje Spannum.
Sjoch op www.watbistoleaflik.nl en www.walingdijkstraspannum.nl foar mear ynformaasje.

Waling Dijkstra (boarne: Team Waling Dijkstra)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje