Ids Willemsma: Nea keunstner wurden
Resint ferskynd
Juster hawwe we in begjin makke mei it publisearjen fan it offisjele ferslach fan de Krystkongreskommisje. Lykas alle jierren kamen Fryske studinten yn de ôfrûne krystfakânsje moai machtich nei de akademystêd Frjentsjer om yn De Bogt fen Guné harren krystkongres te hâlden. It njoggentichste kongres – op 28 desimber 2022 – hie Stjer fan Fryslân as tema. Yn dizze rige fan fjouwer ferslaggen leit de klam op de ynhâld fan de taspraken dy’t dêr holden binne. Wy publisearje se sprekker foar sprekker.
Twadde sprekker wie de 73-jierrige keunstner Ids Willemsma. Hy begûn mei it foarlêzen fan in tal eigen gedichten as yntroduksje. Sa as ‘Wer in dei’, dêr’t er de sleur fan in hiel gewoane dei op poëtyske, stikeljende en humoristyske wize yn omskriuwt. Hy fertelde ek dat er himsels al taret hie op ‘It Grutte Fuortgean’: syn deakiste stiet al klear.

Ids Willemsma (foto: It Nijs)
Dêrnei fertelde er syn libbensferhaal, hoe’t er de man wurden is dy’t er no is. Hy hie in lestige jeugd troch problemen mei syn âlden. Hy koe syn aai net kwyt yn it ûnderwiissysteem mei strikte rigels en fakken as rekkenjen. Sport en de kreativere fakken wiene mear syn ding. Hy wie, en is noch altiten, in grut sportman; sa die er op topnivo yn de atletyk mei en hat er fjouwer kear de Alvestêdetocht op redens útriden. Op syn selsmakke redens is er sels jongelju treast. Syn heit wie derop tsjin dat er keunstner wurde soe: hy moast wurkje yn de reedfabryk fan syn âlden en tiid foar kreativiteit as boartsjen wie der net. Willemsma fertelde dat er it dêrom hielendal net slim fûn dat er op skoalle in jier sitten bleaun wie: sa hoegde er in jier minder fergees te wurkjen by syn heit! Mar Ids Willemsma wie in trochsetter en it slagge him om dochs keunstner te wurden.
Op de keunstakademy wie er ûnder de bêsten. Keunstgoeroe Tom Mercuur sei fan Willemsma dat er nea keunstner wurden wie; hy wie it al! Al yn syn jonge jierren resultearre dat yn syn metalen keunstwurken dy’t Fryslân en yn de rest fan Nederlân te bewûnderjen binne. Guon foarbylden toande er dêrnei mei dia’s út de âlde doaze, lykas syn timpel op de seedyk by Marrum en in oarlochsmonumint foar Joaden by Roden.

Skaalmodel fan it timpeltsje op ’e dyk by Marrum (foto: Linus Harms)
Fierder is Willemsma in echte natuerman, dy’t in protte ynspiraasje út de natuer hellet. Fan autoriteiten moat er neat hawwe, lykas frou Helder fan de provinsjale keunstadvyskommisje dy’t fan him sei: “De man maakt altijd hetzelfde.” Hy makke doe in keunstwurk fan in kikkert “met helder inzicht op helikopter perspectief”. Mar singelier genôch is dizze frije fûgel poer op boeren tsjin dy’t protestearren mei omkearde Nederlânske flaggen (“strontsiik wurd ik dêrfan”).
Moarn fierder mei Janko Krist.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje