Henk Wolf: Taalbelied heger ûnderwiis moat ek oer it Frysk gean
Resint ferskynd
Moatte universiteiten en hegeskoallen derfoar soargje dat har studinten har op it stik fan ‘e Nederlânske taal opskerpje? Dat se goed Nederlânsk lêze, dat se dy taal geregeld brûke en dat se bystjoerd wurde as se flaters meitsje of hampelich skriuwe?
Neffens de wet is soks har taak, mar doch antwurden gâns hegeskoallen en universiteiten yn ‘e praktyk ‘nee’ op dy fragen. Ingelsk slacht al jierren foar master op by heeltyd mear stúdzjes. Gjin niget dat der geregeld minsken op wize dat soks eins net de bedoeling is. Yn opdracht fan de Nederlandse Taalunie hawwe trije ûndersikers dêrom in plan skreaun om de feardigens yn it Nederlânsk ûnder studinten wer ta taak te meitsjen fan it heger ûnderwiis.
Dat is in goed ding, liket my. Men kin yn in protte situaasjes fleurichwei toeristjeboartsje yn knoffelich Ingelsk, mar dy’t nei syn stúdzje oan ‘e slach sil – as ûndersiker, as amtner of sjoernalist, as learaar of reklamemakker – as lykfolwat, dy sil der gauris op ferge wurde dat er prate en skriuwe kin yn in taal dy’t net optilt fan oerset Ingelsk, d/t-flaters en brike sinnen. As jo dokter net wit wat behelzen betsjut of in wittenskipster tinkt dat Nederlanners “Ik nam je bij verrassing” begrepen wurdt sa’t sy it bedoelt, dan is it net sa nuver dat guons sokken wat mei in skalk each besjogge.
Dat is ien ding. Mar it giet net inkeld om de profesjonaliteit fan de studinten. It giet ek om de taal sels en de funksje dy’t dy yn de maatskippij hat. Taal ferbynt minsken mei-inoar, makket harren ta in mienskip. De Nederlânske taal docht dat mei de Nederlanners, Flamingen en Surinamers. De Fryske taal docht dat mei de Friezen. Undersiken litte kear op kear sjen dat de Friezen de Fryske taal as in wichtich diel fan de Fryske mienskip of identiteit beskôgje. Boppedat is likense behanneling fan Frysk en Nederlânsk al tsientallen jierren it útgongspunt fan it oerheidsbelied, al komt dêr yn ‘e praktyk altyd net likefolle fan op ‘e hispel.
Dat lêste, dat de útgongspunten fan it belied en de praktyk wat útinoar rinne, dat is by it Nederlânsk net oars. De feringelsking fan it heger ûnderwiis is helendal gjin wetlike basis foar. De oerheid sjocht dat no yn en wol der wat oan dwaan. It soe dan in logyske stap wêze dat yn Fryslân ek sjoen wurdt nei it plak fan it Frysk yn it heger ûnderwiis. De Wet gebrûk Fryske taal stiet it elke studint en meiwurker ta om op de Ljouwerter ôfdieling fan de RuG Frysk te praten, mar as net ien dêr it foarbyld yn jout en minsken jin net ferstean kinne, is dat rjocht oars net as net as it stik papier dêr’t jo de rjappelskilen yn betrolje. As in dosint in studinte fan de NHL ferbiedt om Frysk te praten, dan wurket dy hegeskoalle net mei oan wat minister Kajsa Ollongren en kommissaris Arno Brok foar eagen stie, nammentlik dat elk yn Fryslân altyd oeral Frysk prate kinne moat, nee, dan wurket sa’n hegeskoalle dêr krekt tsjinyn. En salang’t der gjin koördinaasje fan de oerheid is en elke dekaan en dosint in eigen lyts taalbeliedsje fiert, wurdt dat ek net oars.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje