Hast de helte fan Fryske fakânsjeparken drok mei duorsumens
Resint ferskynd
47,8% fan de fakânsjeparken yn Fryslân hat in Green Keysertifikaat. Dêr wurdt mei oanjûn dat parken har ekstra foar it miljeu ynsette. Fryslân komt dêrmei op it sânde plak fan alle Nederlânske provinsjes. Dat en mear docht bliken út ûndersyk fan Bungalowparkoverzicht.nl.

Foto: Unsplash/Mischa Frank
Yn Utert (75%) en Súd-Hollân 954,2%) hawwe relatyf de measte parken in Green Key-sertifikaat. Limburch, Flevolân, Noard-Brabân en Grinslân komme op in dield tredde plak: dêr hat de helte fan de parken dat duorsumenskarmerk. Seelân stiet ûnderoan op de list mei 24,2%.
Green Keysertifikaat foar alve Fryske fakânsjeparken
Alve fakânsjeparken yn Fryslân sette har mear foar it miljeu yn as de normale wet- en regeljouwing fereasket, mei dêrûnder:
- Landal Esonstêd – Eanjum
- Landal Vlieduyn – East-Flylân
- RCN De Roggeberg – Appelskea
- Roompot It Amelân – Hollum
Op ’e fakânsjeparken wurde bygelyks miljeufreonlik himmelguod, sparlampen en ljochtsensoaren brûkt en binne der faak sinnepanielen oanwêzich. Der binne ek faker laadpeallen foar elektryske auto’s beskikber. De oare tolve ûndersochte fakânsjeparken yn Fryslân hawwe it duorsumssertifikaat foarearst noch net.
Fakânsjeparken yn Nederlân hieltyd duorsumer
Lanlik hawwe op it stuit 101 fan de 238 fakânsjehúskeparken (42,4%) fan de grutste rekreaasjekettingen in Green Keysertifikaat. Ferline jier wiene der noch 95 parken mei it duorsumenskarmerk. Yn Nederlân binne twa fan dy kettingen dêr’t alle parken in Green Key-sertifikaat fan hawwe: Center Parks en RCN Fakânsjeparken. By fjouwer is it tal fakânsjeparken mei it duorsumenskarmerk tanommen neffens ferline jier: Molecaten, Landal, Roompot en TopParken. Allinnich by EuroParcs is it tal sertifisearre parken gelyk bleaun.
Op de side www.bungalowparkoverzicht.nl/nieuws/hoe-duurzaam-zijn-vakantieparken-in-nederland is mear ynformaasje oer it ûndersyk te finen.
Undersyksmetoade
It ûndersyk is basearre op ferskillende boarnen. Ynearsten is in fragelist nei de sân fakânsjeparkoanbieders stjoerd, mei in stikmannich fragen oer harren eigen duorsumensmaatregels en de mooglike effekten op de gasten. Fierder is gebrûk makke fan ynformaasjefoarsjenning op de websiden fan de kettingen. De Green Keysertifisearre parken binne fia de webside fan Green Key opsocht. Yn de berekkening foar de Green Keyparken binne inkeld de sân grutste fakânsjeparkkettingen yn Nederlân meinommen: Center Parcs, EuroParcs, Landal, Molecaten, RCN Fakânsjeparken, Roompot en TopParken.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje