Hans Jansen Nederlânsk kampioen FRYSK!
Resint ferskynd
Amsterdammer Hans Jansen is nei in beslissingspartij tsjin Dicky van der Meer oertsjûgjend kampioen FRYSK! wurden. Op freed 30 desimber 2022 waard fan 13.00 oere ôf it Nederlânsk Kampioenskip FRYSK! spile yn Het Brouwdok yn Harns. Sûnt de partij Marten Walinga-Folkert Groenveld om de wrâldtitel fan 10-22 augustus 2021, ek yn Harns, is der gjin kampioenskip holden fanwegen koroana. No wie der wer in kampioenskriich Frysk damjen.

Hans Jansen tsjin Dicky van der Meer (foto: Johan Wolfard)
Mei it kampioenskip is de 66-jierrige trijefâldich Nederlânsk kampioen damjen Hans Jansen automatysk kwalifisearre foar it earstkommende Wrâldkampioenskip FRYSK!, dat pland stiet op snein 5 maart yn Frjentsjer. Fan 26 febrewaris oant 4 maart wurdt yn Frjentsjer it wrâldkampioenskip Frysk Damjen holden.
Ynearsten seach it der net nei út dat Jansen kampioen wurde soe. Hy ferlear ferrassend yn ’e earste omgong. Favoryt, wrâldkampioen Frysk damjen Marten Walinga sette mei fjouwer oerwinningen sterk útein. Hy like streekrjocht op de titel ôf te gean. Hy waard lykwols yn de sechde omgong efterhelle troch Hans Jansen dy’t mei in ynhelrace begûn wie. It kampioenskip gie oer sân omgongen. Uteinlik einige Dicky van der Meer ferrassend gelyk mei Hans Jansen, sadat in beslissingspartij needsaaklik wurden wie. Favorite kampioenen Frysk damjen as Taeke Kooistra en âld-kampioen FRSYK! Jelle Wiersma kamen te koart. Walinga en Wiersma waarden dield tred. Foar de út Terherne ôfkomstige Dicky van der Meer wie dit syn bêste prestaasje yn syn damkarriêre oant no ta.

Hans Jansen (foto: Johan Wolfard)
FRYSK! is damjen neffens de Fryske regels mei mar fiif skiven de spiler. Yn it ynternasjonale of Hollânske spul einiget dat steefêst yn remize, yn it Fryske spul bliuwt it in krêftmjitting op it skerpst fan de sneed en is de remizemarzje noch hieltyd lyts. De útgongsposysje mei fiif skiven de spiler makket it Frysk spul tagonklik foar nije spilers út binnen- en bûtenlân.
By it NK wiene net allinnich ferskate Fryske kampioenen en âld-kampioenen oanwêzich, mar ek âld-kampioen fan België Patrick Casaril en âld-wrâldkampioen Alexander Sjvartsman. Dy berne Rus is troud mei in Oekraynske frou en is sûnt it begjin fan de oarloch yn Oekraïne mei syn húshâlding yn ballingskip yn Nederlân. Hy besiket mei damtoernoaien en lessen yn it libbensûnderhâld fan syn húshâlding te foarsjen, en is bliid dat yn de ynternasjonale wedstriden it Frysk damjen ek wer úteinsette. Hy waard tsiende.
Bylden fan it toernoai waarden streekrjocht streamd en binne te sjen op de webside www.lidraughts.org.

Hans Jansen (foto: Johan Wolfard)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje