Grutte Gedichtejûn Literêr Tydskrift Ensafh
Resint ferskynd
It Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearret wer syn jierlikse Grutte Gedichtejûn, ditkear yn it pop-upkafee De Gouden Leeuw yn it gebou fan Tresoar, yn Ljouwert, op 27 jannewaris 2023, om 19.00 oere.
De redaksje ropt alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, op om ien gedicht foar te dragen. It makket net út yn hokker (streek- of minderheids)taal oft it fers skreaun is. Jo hoege sels net iens dichter te wêzen, jo meie ek gerêst in gedicht fan immen oars foarlêze.
De muzyk wurdt fersoarge troch Bruno Rummler.

Foto + ûntwerp: Geart Tigchelaar
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje