Goffe Jensma: It paad nei it Frysk

jannewaris 7, 2023 07:43

Goffe Jensma. Foto Kuna van Dijk

Fanwegen it trelit dat om syn opfolging hinne ûntstie, wie it ôfskied fan Goffe Jensma as heechlearaar Fryske Taal- en Letterkunde net yn ’e aula fan de Ryksuniversiteit yn Grins mar op 14 desimber 2022 yn de Steateseal yn it Ljouwerter Provinsjehûs. Us berjocht dêroer is hjir te lêzen. Jensma waard tasprutsen troch ûnder oaren kommissaris fan de Kening Arno Brok, dy’t Jensma priizge as in ‘ûnôfhinklik tinker’. Hjir jouwe wy de folsleine tekst fan it ferhaal dat Jensma dy jûns hold.

It paad nei it Frysk

De bekende Nederlânske histoarikus Johan Huizinga hat oan ’e ein fan syn libben in autobiografysk boek skreaun Mijn weg tot de historie. Ek al wie er in Grinslanner mei, nei eigen sizzen, Fryske ynboarst, presys lykas ik, ik wol my fierders fansels yn gjin inkeld opsicht mei Huizinga fergelykje, want wêrom soe ik. Mar dy titel skeat my al yn it sin doe’t ik yn ferbân mei dit praatsje neitocht oer myn eigen ‘Werdegang’. It is eins in hiel frjemde titel: ‘Mijn weg tot de historie’ – tot de geschiedenis. Mar elk mins hat dochs in skiednis, soe men tinke, dat dêr hoege je net mear nei op paad.

Datselde jildt ek foar ‘Mijn weg tot het Fries’.

Jimme sille tinke: it Frysk sit dochs wol djipper yn dy ferankere, as datst dyn paad dernei noch fine moatte soest. Men giet dochs noch earder fan it Frysk ôf as dat men it noch opsykje moatte soe. Mar sa is it no krekt net. It is oarsom. Ik wol dat útlizze en dan begjin ik by it begjin, by myn begjin.

De âld-heechlearaar Grinslânsk Siemon Reker en ik as (ûnderwilens âld-) heechlearaar Frysk hawwe wat dit oangiet in belangryk biografysk gegeven mienskiplik, ntl. deselde skoalle en deselde godstsjinstlearaar (op it Willem Loadewyk Gymnasium yn Grins): Molenaar hiet dy man en hy kaam fan Frjentsjer. Doe’t dy Simon Molenaar der op in dei achterkaam – it spile omtrint 1970 – dat ik út in Frysktalige famylje kaam, joech er my in Frysk boek en makke er my derfan bewust dat Frysk net allinnich sprutsen wurdt, mar ek skreaun, en dat der sels in Fryske literatuer bestie, dat men sels ek Frysk skriuwe koe, en dat men ek Frysk skriuwer wurde wolle kinne soe. It wie in ûntdekking, in skok. Doe’t ik – fjirtich jier letter – dat allegearre op in kear oan kollega Siemon fertelde, sei er: “Dat is ek apart, want by my die er itselde, mar dan mei it Grinslânsk. Hy liet my in boek lêze mei Grinslânske psalmen.”

Ik wit net hoe’t it Siemon fierder krekt fergien is, mar foar my wie it sa dat dy nij ûntdutsen Fryske literatuer him yn it post-Molenaar tiidrek keppele oan al dy dichters en skriuwers dêr’t wy by Nederlânsk en ek by de oare klassike en moderne talen les oer krigen: fan Lucebert, Lodeizen, Ovidius, Habakuk II de Balker, Campert, Vergilius, Rabelais, Faulkner en gean sa mar troch. Njonken en achter dy skriuwers dûkten no Fryske skriuwers op: Jan Wybenga, Rink van der Velde, Anne Wadman, Trinus Riemersma, Ypk fan der Fear. Dy wiene mear eigen en stiene tichter by.

Mar se skreauwen yn in Frysk dat ik soms amper begripe koe en dat folle fierder fan my ôfstie as it Nederlânsk. Dat wie my ommers as skriuwtaal op skoalle jierrenlang yndruid. Foar it Frysk moat men sels muoite dwaan.

***

Dit stikje autobiografy is folle minder anekdoatysk en persoanlik as dat jimme miskien tinke. It paad nei it Frysk as kultuertaal en as skriuwtaal is foar nimmen fanselssprekkend. Krektoarsom, it is it hobbelige paad dêr’t elke Frysk-skriuwer en dus ek elke Fryske skriuwer by omheech kliuwe moat om oan syn taal te kommen en om oan syn ferbylding te reitsjen.

Ik haw oait in studint hân – Ruurdtsje de Haan – dy’t hiel krekt neigien is hoe’t Fryske skriuwers ta de Fryske literatuer kommen wiene. ‘Mijn weg tot de Friese literatuur’, om it sa te sizzen. De measte Fryske skriuwers begjinne yn it Nederlânsk te skriuwen, stelde sy fêst, en geane pas letter op it Frysk oer. Dat Frysk ha se harsels as skriuwtaal ek pas op lettere leeftyd oanleard en hiel bot fertrouwe se har sels dêr noch hieltyd net yn. Se brûke hast allegearre geregeldwei it wurdboek en harren teksten wurde steefêst noch neisjoen troch korrektoaren.

Ik merk yn it foarbygean op dat yn dit opsjoch – folslein oars as by it Nederlânsk –it heger ûnderwiis krekt foar it Frysk fan ûnmisber belang is. De kursussen dy’t Pieter Breuker, Willem Visser en tsjintwurdich Gerbrich de Jong by ús yn Grins troch de jierren hinne jûn hawwe en noch jouwe, hawwe minsken foarme yn de grûnbegjinsels fan it Frysk as kultuertaal. Harren kursisten wurkje tsjintwurdich by de Afûk, Tresoar en de Fryske Akademy of jouwe tsjintwurdich wer les bgl. oan de leden fan studinteferiening Bernlef.

Dit simpele feit dat Frysk skriuwtaalûnderwiis foar it grutste part ûnderbrocht is yn de kategory folwoekseneûnderwiis kinne men twa kanten mei út. Oan de iene kant lit it sjen hoe’t it Frysk skriuwtaalûnderwiis yn it primêr en sekundêr ûnderwiis tekoartsjit. Ofgeande op wat ik troch de jierren oan goed bedoeld mar min Frysk ûnder eagen krigen haw, tink ik dat dat ek beslist sa is. Der soe mear omtinken foar skriuwtaalûnderwiis wêze moatte en der soe (noch) better oer neitocht wurde moatte hoe’t digitale middels as wurdfoarsizzers, staveringshifkers, grammatikahelpers ensfh. ûntwikkele en ymplemintearre wurde kinne soene om bern yn alle gefallen by te bringen dat der in korrekte, standerdisearre manier fan Frysk skriuwen bestiet en ek wêr’t men jins kennis dêroer opdwaan kin.

Men kin oan de oare kant ek konkludearje dat it hiel bysûnder is dat der dochs noch behoarlike oantallen minsken Frysk leare wolle. Gerbrich de Jong melde my in oantal fan tolve studinten oan de RUG (ferline jier) en tweintich oan de NHL (dit jier) dy’t har bekwame woene yn it Frysk as kultuertaal, standerttaal, skriuwtaal of hoe’t je it mar neame wolle. Dêr komme dan de gruttere groepen minsken noch by dy’t it Frysk oanleare op Afûk-kursussen. Ien fan de bysûnderste saken oangeande it Frysk is it grutte oantal minsken dy’t it Frysk (ek as sprektaal) oanleare op lettere leeftyd, ien op de fjouwer. Dat wol wat sizze oer de oantrekkingskracht fan it Frysk as regionale identiteitstaal.

***

Skriuwtaalûnderwiis is foar it yndividu belangryk, mar ek foar de taal sels, want skriuwfeardigens hat sûnder mis in konservearjend effekt op it Frysk. It hanthavenet in beskate standert om it sa te sizzen. Dat wurket hiel simpel: as men witte hoe’t in wurd skreaun wurdt, kin it letterlik as wurdbyld byskreaun wurde yn it firtuele wurdboek yn ’e holle. Om dat prinsipe fan ‘linguistic security’ begryplik te meitsjen, kin men it ek omkeare, sa’t myn foargonger Germ de Haan oait die: as men as Fryskprater net wit wat in bepaald wurd yn it Frysk is, grypt men nei de wurdbylden yn dat oare firtuele wurdboek in ’e holle, ntl. it Nederlânske. En dan seit men net langer ‘noas’, mar ‘neus’, net langer ‘kaai’, mar ‘sleutel’, net langer ‘oerhimd’, mar ‘overhemd’. De konklúzje is dat der in streekrjocht ferbân bestiet, in korrelaasje, tusken it ûntbrekken fan goed skriuwûnderwiis en de flugge fernederlânsking (en feringelsking) fan it Frysk.

Mar dan de folgjende fraach: Wat is dat Standertfrysk dan? Ik ha soms it idee dat guon taalkundigen tinke dat it Standertfryske taalsysteem in abstractum is, in foar altyd fêststeande set taalregels, sa’t dy sa goed mooglik yn de grammatika’s en de wurdboeken fêstlein binne. Ik sjoch dat oars. It Standertfrysk is neat oars as in tydlik útûnderhannele en yn boeken bestjurre tuskentiidske stân fan saken, in ôfspraak tusken de brûkers fan de taal, yn ús gefal Fryskskriuwers en Fryskpraters. Taal feroaret, ek standerttaal, allinne de standerttaal feroaret folle stadiger. It Frysk is mei oare wurden net in ding dat foar ivich fêstleit mar wurdt hieltyd op ’e nij bywurke yn it gebrûk – ‘útûnderhannele’. En de belangrykste manier fan brûken is yn dit opsicht de literatuer, of better sein: dy manier fan brûken fan it Frysk dêr’t de werklikheid op in skeppende manier yn ferbylde wurdt. Dat kin wêze yn skreaune en printe, mar ek yn sprutsen en songen foarmen fan literatuer as toanielstikken, iepenloftspullen, lietteksten, raps, films, poetry slams, it kin ek yn skiedskriuwing, sjoernalistyk en alle oare wittenskiplike en talige dissiplinen. Dêrom dat ik foar myn boek dat aanst oanbean wurde sil, net it wurd ‘literatuer’, mar de term ‘ferbylding’ keazen haw.

Oait begûn dy Fryske ferbylding bygelyks by Joast Halbertsma, de man dy’t sa omtrint 1830 sei dat it Frysk ‘een luchtwezen, vlottende van tong tot oren’ wie, net mear as in sprektaal dus, en dat it dus syn stribjen wie om, foardat se yn de mist fan de tiid ferdwine soene, al dy Fryske wurden by de manteltippen te pakken en op te skriuwen. Fan dat momint ôf oan is de taal in algeduerigen ûnderhanneling tusken minsken dy’t de eigen werklikheid deryn ferbyldzje en foarm jouwe. Dat is it dêr’t it foar my yn it Fryske taalfjild om draait, net om de taal sels, mar om de manier hoe’t wy dy brûke.

***

My muoit it, benammen om dizze reden, dat de frisistyk (de wittenskip fan it Frysk) as in eksimpel opgean moatte soe yn bredere dissiplinen, sa’t de Ryksuniversiteit Grins en de Fryske Akademy dat graach wolle. Foar taalkundigen – en dêr hear ik nét by – makket it net safolle út oft in taal feroaret of net, oft er útstjert of net. Foar harren is it miskien krekt wol ynteressant om as ôfsidich observator sa’n proses fan it stjerren fan in taal te folgjen. Foar in kultuer- en literatuerwittenskipper – en dat bin ik ál – leit dat oars, lit stean foar in literator. Foar harren is de taal sels it unike ynstrumint.

Yn de hast fyftjin jier dat ik oan it roer stie, haw ik my der altyd hurd foar makke dat it Frysk in eigenstannich en werkenber plak hawwe moast oan de universiteit. Dat is ek om oan dy ferbylding in plak jaan te kinnen. Dat is in lijen wurden, sa docht no bitter bliken. Miskien is it in goed idee om no krekt op dit punt in foarbyld te nimmen oan guon Britse en Amerikaanske universiteiten. Dêr is it mooglik dat je – op in wittenskiplik ferantwurde manier – ôfstudearje of sels promovearje op in keunstwurk, in toanielstik, in film of in roman bygelyks. Dat soe foar it Frysk in mooglikheid wêze kinne (en foar it ûntstiene skeel in iepening biede kinne). It soe de RUG siere as sy dêr dizze mooglikheid ris serieus ûndersykje wolle soene en it Frysk dêr dan as pilot foar brûke wolle soene.

Myn wurk is dien. Mooglik stiet yn de kûlizen in opfolger klear dy’t it stokje oernimme wol (en mei). Ik jou har (of him) graach it boadskip mei dat it Frysk as kultuertaal it resultaat is fan permaninte ûnderhanneling tusken de taalbrûkers, mar dat men oan dat ûnderhanneljen wol meidwaan wolle moat. Datselde jildt ek foar it Frysk as fak oan de universiteit. It moat befochten wurde, alle jierren op ’e nij. As it om it Frysk giet, komt it noait fansels op jin ta, mar moat men sels it paad fine en ek berinne wolle.

jannewaris 7, 2023 07:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.