GGD: Jongelju ûnder de achttjin komme yn Fryslân maklik oan drank

jannewaris 24, 2023 08:23

Wurdt der by ferkeappunten genôch kontrolearre op jongelju ûnder de achttjin dy’t alkohol keapje wolle? Ut ûndersyk fan GGD Fryslân docht bliken dat minderjierrigen maklik oan alkohol komme. Yn 36,8% fan de gefallen waarden de 16- en 17-jierrige ‘mystearjebern’ kontrolearre en krigen se gjin alkohol mei.

Foto: pixabay.com

Measte kontrôles by sliterijen
De ferkeappunten binne yn it ûndersyk yn kategoryen ferdield. By sliterijen is it tal kontrôles it heechst, dêr wurdt yn 76,9% fan gefallen dat om alkohol frege wurdt, kontrolearre hoe âld oft de klant is. Dêrnei folgje de supermerken mei 67,7%, jongereinsintra mei 46,2%, hoarekagelegenheden mei 34,8%, kafetaria’s mei 31% en sportkantines mei 27,1%. By eveneminten wurdt it minst kontrolearre. Dêr waard yn 15,9% fan de gefallen nei âldens de en/of om in jildich legitimaasjebewiis frege.

Bûten de doar alkohol drinke
Jongelju drinke it meast by oaren thús en minder by of fia ferkeappunten. Dat docht bliken út in lanlik ûndersyk fan it Trimbos-ynstitút. Om drankgebrûk ûnder jongelju te ferminderjen is it net allinnich fan belang dat by de ferkeap fan alkohol op âldens kontrolearre wurdt, it is ek wichtich dat jongelju ûnder de achttjin jier net fia famylje of freonen oan alkohol komme. Dat wurdt ek wol de sosjale beskikberens fan alkohol neamd. Dy kin in grutte ynfloed hawwe en it alkoholgebrûk ûnder jongelju ferminderje. Jongelju dy’t fan âlden alkohol drinke meie, keapje earder alkohol bûten de doar. Dêrneist is yn Fryslân, ferlike mei oare provinsjes, it drinken yn keten tige populêr.

Better NIX18-belied
Mei it ûndersyk as eftergrûn rekommandearret GGD Fryslân de gemeenten om mei de ferkeappunten yn petear te gean en mienskiplik it NIX18-belied te ferbetterjen. Benammen by eveneminten is in protte winst te beheljen, mei’t dêr in protte jongelju komme en it neilibjen dêr it leechst is. It advys is ek om alkoholferkeapers te stypjen troch it oanrikken fan ynstruminten om de leeftiid makliker te kontrolearjen. In leeftiidsscan-app kin dêr in mooglikheid foar wêze. Ta beslút is it advys om mei âlden yn petear te gean oer it beskikber stellen fan drank oan harren eigen bern en oare bern.

It ûndersyksrapport is hjir te finen.

jannewaris 24, 2023 08:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.