Gerrit Hiemstra: Jaloersk op útdagings jongerein
Resint ferskynd
Alle jierren komme Fryske studinten tusken de krystdagen en âldjiersdei moai machtich nei de akademystêd Frjentsjer om yn De Bogt fen Guné harren krystkongres te hâlden. Ofrûne kear wie dat op 28 desimber 2022. It wie de njoggentichste kear en it kongres hie as tema Stjer fan Fryslân. Gau dêrnei hat It Nijs al in ferslach publisearre. Koartlyn kaam it offisjele ferslach fan de Krystkongreskommisje út. Dat leit de klam benammen op de ynhâld fan de fjouwer taspraken dy’t dêr holden binne. Dizze wike publisearje wy dat sprekker foar sprekker.
De foarste sprekker wie de ferneamde waarman en klimaatsaakkundige Gerrit Hiemstra. Sûnt koart is er nei Balk (back to the roots) ferhuze en hat er in eigen bedriuw (Weather Impact) dat him op de ynfloed fan de klimaatkrisis op ûntwikkelingslannen rjochtet. Hy fertelde dat er yn syn studintetiid oan de doetiidske Lânbou Hegeskoalle yn Weinum lid fan WSSFS wie en sels lid fan de Krystkongreskommisje.
Hiemstra begûn mei de konfrontearjende fraach oan it publyk: “Wa fan jimme is âlder as fyftich jier?” Dat wiene mar in pear oanwêzigen. “Dat is de iennichste groep dy’t noch autoleaze sneinen meimakke hat. De jongerein kin him dat net mear foarstelle.” De wrâld is de ôfrûne desennia bot feroare wat enerzjyferbrûk, yndustry en útstjit oangiet. Hieltyd mear is bekend dat de minsken harren gedrach oanpasse moatte om de útstjit werom te kringen. Oars kin dat grutte gefolgen foar it libben op de ierde hawwe. Hiemstra neamde ferskate foarbylden út syn meteorologyske eftergrûn oer ekstremer waar. De wikselwurking tusken minsklik gedrach, lânskiplike ynrjochting en eksogene krêften út it waar wei, bepaalt hoe’t it libben fan ús floara en fauna derút sjocht yn ús provinsje en hoe’t dat hieltyd feroaret. Klimaatferoaring én -adaptaasje treffe ús yn Fryslân ek, bygelyks de oerstreamingen yn Wâldsein.

Gerrit Hiemstra (foto Krystkongreskommisje)
De sprekker bedobbe ús ûnder in grut tal sifers dêr’t út bliken die dat wy it op koarte termyn wer sûnder fossile brânstoffen dwaan moatte, wolle wy de ierde rêde. Dêrom moatte we fan it gas ôf, net mear fleane, mar fegetarysk ite en elektrysk ride, fytse of iepenfier ferfier brûke. Kofleis bygelyks soarget foar in emisje de kg fan 34 kear safolle CO2 as 1 kg pûlfruchten, tsiis 18 kg safolle. Lokale inisjativen lykas de wynmûne by Tsjom drage by oan it duorsum winnen fan enerzjy, mar ek oan it mienskipsgefoel.
It romtlik konflikt en de sosjale diskusje oer it tapassen fan duorsume enerzjyboarnen en it ynpassen dêrfan yn it lânskip en de doarpen kaam ek oan ’e oarder. Bygelyks de taak om sinnepanielen te nimmen, dat wol it karakter fan monumintale gebouwen feroaret. Hiemstra nûge ús út om breder te tinken. Hy neamde as foarbyld om it doel fan buorkerijen net te beheinen ta itensproduksje, mar dy ek in enerzjyprodusearjende funksje te jaan. Nimmen hat der beswier tsjin dat grutte swarte lisboksstâlen fol mei sinnepanielen lizze. Dat is effisjint en effektyf en it nimt gjin lân yn beslach en skeint de estetyk fan gebouwen net.
Hoewol’t er trochskimerje liet dat it twa foar tolven is, wie Hiemstra wol optimistysk en sels jaloersk op de útdagingen dêr’t de jongere generaasje foar komt te stean. Hy sjocht út nei alle ûntwikkelingen dy’t de wrâld in stik duorsumer meitsje moatte. Foaral de jongerein hat in ferantwurdlikheid foar syn eigen hjoeddeistige en takomstige libbensomjouwing. Jongelju moatte har net allinnich hearre litte troch har yn diskusjes te mingen, se moatte ek harren plak opeaskje yn bygelyks de polityk, it bedriuwslibben en de mienskip: plakken dêr’t de beslissingen nommen wurde. Want, de wrâld fan de takomst, begjint mei de minsken fan no.
Moarn fierder mei Ids Willemsma.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje