FryslânDOK: ‘De boaiem berikt’, trijedielige searje

jannewaris 19, 2023 08:37 Fernijd

Omkearde flaggen, trekkerprotesten en wanhopige ferhalen, wize op ‘e gaos yn it boerelân. De boaiem fan de Nederlânske lânbou liket berikt te wêzen. Mar tagelyk is dizze krisis in fruchtbere boaiem foar nije inisjativen. Plannen foar in duorsume en ekonomysk sûne lânbou. De trijedielige FryslânDOK-searje ‘De boaiem berikt’ wurdt útstjoerd troch NPO2 en Omrop Fryslân.

Pieter van der Valk (byld: Omrop Fryslân)

It kin gjinien ûntgien wêze dat de boeren yn Nederlân bot yn noed sitte oer de takomst fan harren bedriuw. Melkfeehâlders dy’t te ticht by natuergebieten sitte, moatte ferhúzje of mei buorkjen ophâlde. Oaren sille fee fuortdwaan en sykje nei in breder fertsjinnersmodel. De agraryske sektor, en dan foaral de feehâlderij, sil de kommende jierren yngripend feroarje. Der sil better rekken holden wurde moatte mei wat der noch mear libbet, yn en op it lân. Buorkje binnen de grinzen dy’t de natuer oankin, en dêr’t de oerheid yn Europeesk ferbân ôfspraken oer makke hat.

Pine
FryslânDOK praat mei boeren oer hoe’t se de druk om te feroarjen belibje, en hoe’t se de ûnwissichheid oer de gefolgen dêrfan, ûndergeane. Mei jongelju, oer de fraach oft se op it famyljebedriuw noch wol in takomst foar harsels sjogge. Mei in dokter, in heechlearaar. Mei de minister. Wat betsjut dy lânbou-transysje foar de agraryske sektor, it famyljebedriuw en de leefberens op it plattelân? Wêr sit de pine, it fertriet? En wêr lizze – nettsjinsteande alles – de mooglikheden foar in sûne en duorsume takomst foar de lânbou?

FryslânDOK: ‘De boaiem berikt’ (3 dielen)
Te sjen op 21/22 jannewaris, 28/29 jannewaris, 4/5 febrewaris
Sneon NPO2 15.30 oere (werhelling snein om 13.25 oere)
Snein Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)

jannewaris 19, 2023 08:37 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.