FryslânDOK: ‘De Alvestêdetocht fan 1963’

jannewaris 13, 2023 07:17 Fernijd

Te sjen op sneon 14 en snein 15 jannewaris

Freed 18 jannewaris 1963 wie it roetkâld yn Fryslân: op guon plakken joech de termometer -21 graden Celsius oan. Krekt op dy dei soe de tolfde Alvestêdetocht riden wurde. It waard de swierste tocht ea. Dat is no krekt sechstich jier lyn. FryslânDOK memorearret de tocht mei argyfbylden en ynterviews en ek mei in petear mei winner Reinier Paping, dy’t ferline jier yn ’e âldens fan 90 jier ferstoar. De film De Alvestêdetocht fan 1963 is te sjen op 14 en 15 jannewaris by NPO2 en Omrop Fryslân.

Reinier Paping op wei nei Dokkum (boarne: ‘De Alvestêdetocht fan 1963’)

By de start yn Ljouwert frear it 18 graden en de temperatuer soe dy deis net boppe de -4 útkomme. Boppedat stie der in hurde noardeastewyn. Der lei in pak snie, it iis wie hjir en dêr ûnbegeanber en siet fol skuorren en bobbels. Al mei al tige swiere omstannichheden foar de Alvestêderiders. It tal útfallers by dizze tocht waard legindarysk heech. Fan de 568 wedstriidriders hellen 57 de einstreek binnen de fereaske twa oeren nei winner Reinier Paping. Fan de 9294 toerriders slagge it net mear as 69 minsken om in krúske yn ‘e wacht te slepen.

Yn 2009 makken Eelke Lok en Albert Jensma foar FryslânDOK in searje oer alle Alvestêdetochten sûnt de earste fan 1909. Dy fan 1963 wie sûnder mis in memorabele. Foar it earst wiene der kameraploegen by, dy’t live op telefyzje ferslach diene fan de tocht – ynklusyf de gaoatyske einstreek. De grutte minskekliber dy’t tastreamde doe’t der in helikopter op iis lâne mei keningin Juliana en prinses Beatrix deryn, begûn it iis fan de Grutte Wielen gefaarlik te kreakjen. De keninklike besikers folgen de sege fan Paping, om ‘e wille fan ’e feiligens, op ’e wâl.

FryslânDOK: De Alvestêdetocht fan 1963
Sneon 14 jannewaris NPO2 15.30 oere (werhelling snein 15 jannewaris om 13.25 oere)
Snein 15 jannewaris Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)

Besjoch de foarfilm.

jannewaris 13, 2023 07:17 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.