Foar Ivich Belêste (gedicht)
Resint ferskynd
Nei oanlieding fan ús oprop om kreative bydragen krigen wy dit gedicht tastjoerd. Mear gedichten en ferhalen binne fan herten wolkom op ynfo@itnijs.frl. Redaksje It Nijs

Yllustraasje: Skelte Braaksma
Foar Ivich Belêste
Op in moarn waard ik wekker yn myn eigen holle,
in grutte lege romte, it foel my ôf, der siet net folle.
Wat tinzen skeaten my oan wjerskanten foarby,
keatsten werom tsjin it sêfte flues en rekken my.
Wêrom bin ik hjir op dizze wrâld, ik tocht: blinder,
dit giet djip, ik tink, ik bestean, it koe minder.
Ik fielde hoe’t it dna fan iuwen my belêste,
ik joech mysels oer, tocht: dit is wier it bêste.
Doe lei ik sa mar op bêd en struts har oer it gat.
Sy fûn it wol bêst, frege neat, sa die ik mar wat,
kringele yn har, oh leafde, fielde my Frysk en frij.
In fonk fan nij libben, dna fan har, mar ek fan my.
Sander Hoekstra
De dichtbondel Brutsen kostet spesjaal foar de lêzers fan It Nijs en De Nije € 15,00 ynkl. ferstjoerkosten. Mail nei sanderhoekstra@icloud.com.

Yllustraasje: Skelte Braaksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje