FNP yn Twadde Keamer?

jannewaris 22, 2023 09:11

Jan Arendz (foto FNP)

Al faker hawwe leden fan de Frysk Nasjonale Partij derop oanstien om as regionale partij mei te dwaan oan de ferkiezingen foar de Twadde Keamer. Hieltyd wer waard dat as in stap te fier en te gau sjoen. Juster lykwols kundige de nije foarsitter Jan Arendz oan dat it haadbestjoer dêr no de tiid ryp foar achtet. Hieltyd wer docht bliken dat yn it lanlike parlemint gjin of te min omtinken foar de regio, en benammen foar it noarden is. It plan sil yn maaie oan de leden foarlein wurde.

De FNP, dy’t ferline jier sechstich jier bestie, mar doe troch koroana gjin gearkomste belizze koe, fierde dat jubileum juster yn Thialf mei in sympoasium en sprekkers. Ien fan de sprekkers wie René Cuperus, mei-auteur fan de Atlas van afgehaakt Nederland. Hy hat betinkingen by it idee dat in regionale partij yn it parlemint fertsjintwurdige wêze soe. Hy wol derop ta dat de Earste Keamer oars ynrjochte wurdt en dat de regio’s dêr better fertsjintwurdige wurde.

Sijbe Knol (eigen foto)

De jubileumfiering wie tagelyk in moaie gelegenheid foar Sijbe Knol, fraksjelieder yn Provinsjale Steaten, om de ôftraap te jaan foar de Steateferkiezingen op 15 maart fan dit jier. De foartekens wize op in suksesfolle útslach foar de FNP.

Roel Falkena, dy’t tolve jier lid fan Provinsjale Steaten wie en fiif jier riedslid yn Opsterlân, waard juster postúm ta earelid beneamd (sjoch ek: https://www.itnijs.frl/2021/02/in-memoriam-roel-falkena/). Falkena fertsjintwurdige de FNP jierrenlang yn de de Europeeske Frije Alliânsje, dêr’t er sels de grûnlizzer fan wie. Mei dêrtroch wie der juster ek ynternasjonale belangstelling foar de gearkomste yn Thialf.

 

 

jannewaris 22, 2023 09:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.