FNP: Wy litte Holwert net fersûpe

jannewaris 19, 2023 09:11

De fraksje fan de FNP hat kundskip nommen fan it beslút fan it kolleezje fan Deputearre Steaten om negatyf advys út te bringen oer de fuortgong fan Holwert oan See. De FNP is sa fier noch net.

Sijbe Knol (boarne: FNP)

Wurdfierder Sijbe Knol: Dit is sa’n grut projekt. Wy nimme hjir goed de tiid foar en gean yn oerlis mei ús fraksje yn Noardeast-Fryslân. Sokke grutte projekten mei sa’n lange oanrintiid feroarje no ienkear wolris, dat is gjin reden der de stekker sa hommels út te lûken.

Op dit stuit is der in soad jild beskikber om te ynvestearjen yn it gebiet en it gebiet fertsjinnet dat ek. De FNP wol net riskearje dat troch dit beslút it jild út it gebiet weilutsen wurdt. Holwert oan See hat al sjen litten no ek al in positive útwurking op it gebiet te hawwen. Dat wol de FNP net samar de nekke omdraaie. De partij hâldt graach de mooglikheden iepen, ek de natuerlike fariant fertsjinnet dêrmei neffens de Steatefraksje fan de FNP romte. Knol: “Wy sjogge wol deeglik ek de positive effekten fan dizze fariant. Fansels is der wol de noed oer it ûnderhâld op de langere termyn, mar dêr binne, ek troch de gemeente, dúdlike kaders oan steld.

De FNP is fan doel om by de behanneling yn de Steaten mei in foarstel te kommen om it reservearre jild beskikber te hâlden foar de fierdere útwurking. De partij wiist ek op de stipe fan tal fan organisaasjes lykas de Postcode Loterij en de Fûgelbeskerming. “Ek Europa is posityf, it beslút fan Deputearre Steaten is in tige min sinjaal nei de oare jildsjitters ta“, seit Knol. De FNP krige de lêste wiken al fan ferskate kanten te hearren dat benammen it CDA en de VVD wolris dwers lizze koene.

jannewaris 19, 2023 09:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.