FNP: wat binne de effekten fan EU-needferoardering foar ús lânskip?

jannewaris 12, 2023 09:49

Fraksjelieder Sijbe Knol (boarne: FNP)

Krekt foar de krystdagen hat de Europeeske Uny in needferoardering oannommen. Yn alle lannen fan de EU wurde dêr de fergunningsprosedueres foar it oanlizzen fan te fernijen enerzjy en enerzjynetwurken koarter en makliker mei makke. De FNP is foar faasje by de fergunningferliening, mar wol net dat de nije regels oantaasting fan ús lânskip, natuer of mienskip feroarsaakje.

Om dy reden stelt de FNP-Steatefraksje fragen oan it kolleezje fan Deputearre Steaten, om te witten te kommen wat de konsekwinsjes fan de needferoardering binne op de prosedueres dêr’t de provinsje ferantwurdlik foar is of dêr’t bygelyks gemeenten de regels fan de provinsje Fryslân yn tapasse.

Konkreet lizze de nije regels yn guon gefallen in maksimale termyn fan ien of trije moanne op dêr’t de oerheid yn beslute moat. Yn inkelde gefallen wurdt sels automatysk in fergunning ferliend as de oerheid net flot genôch mei in reaksje komt. It belang fan enerzjyprojekten moat ek heger wurdearre wurde foar oare belangen oer en de plicht foar in miljeu-effektbeoardieling falt yn guon gefallen wei.

De FNP wol witte wat dat betsjut foar sinne- en wynenerzjyprojekten yn Fryslân, foar de útbou fan it enerzjynetwurk en hoe’t him dat ferhâldt ta it belang fan it behâld fan ús moaie Fryske lânskip. De party hat ek noed oer de rjochtsbeskerming fan omwenners, fan ús ynwenners en bedriuwen.

jannewaris 12, 2023 09:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.