FNP: Bernehertsjirurgy Grins moat bliuwe
Resint ferskynd
- Advintskonsert troch Vocaal Ensemble Vocalibre yn Doarpstsjerke Huzum 0
- Doede Wiersma: In politikus dy’t foar frede is 0
- Krystkonsert Ljouwerter Bachferiening 0
- Ferlinging subsydzjeregeling enerzjykoöperaasjes Fryslân 0
- Bouwe de Boer: Wynmûnen en stroomopslach: de motoaren fan de energetyske revolúsje 0
Minister Kuipers fan Folkssûnens hâldt fêst oan plannen om de bernehertsjirurgy yn twa sikehuzen te konsintrearjen. Dêrmei is it behâld fan de bernehertsjirurgy yn it noarden fan Nederlân noch hieltyd yn gefaar, in jier nei de grutte demonstraasje yn Grins en politike útspraken fan sawat alle partijen yn de Steaten. De FNP stelt mûnlinge fragen.
Moandei waard bekend dat Minister Kuipers fan Folkssûnens in brief stjoerd hat oan de akademyske sikehuzen dêr’t er yn fêsthâldt oan eardere plannen om de bernehertsjirurgy yn twa sikehuzen yn Nederlân te konsintrearjen. De sikehuzen moatte sels mar útmeitsje hokker twa sikehuzen dat binne. Dêrmei giet er yn tsjin it advys fan de Nederlandse Zorgautoriteit, dy’t skriuwt dat sluting fan de besteande ôfdielingen grutte en net-omkearbere konsekwinsjes hat.
In jier lyn hawwe de Fryske Steaten mei grutte mearderheid in moasje yntsjinne en oannommen, dêr’t it kolleezje yn oproppen waard ‘op bestjoerlik nivo, yn oparbeidzjen mei UMCG, de bestjoerlike partners yn Noard-Nederlân en oare belutsenen, by it Regear en Twadde en Earste Keamer alle war te dwaan foar it behâld fan it sintrum foar bernehertsjirurgy fan it UMCG yn Grins.’
De FNP-Steatefraksje wol fan it kolleezje witte wat de deputearren sûnt ferline jier út ’e wei set hawwe om it bernehertsintrum yn Grins te behâlden en wat der út de oerlizzen kommrn is dy’t it kolleezje hân hat mei de kollega-deputearren yn Grinslân, Drinte en Oerisel en út de petearen mei de partners út de medyske sektor.
De minister wol foar 1 april fan de akademyske sikehuzen it antwurd witte, oars nimt er sels in beslút. Neffens de minister is der gjin tiid om goed nei de konsekwinsjes te sjen, sa’t de Nederlandse Zorgautoriteit advisearret. Neffens de FNP is dat in ûnmooglike verdeel-en-heerspolityk, dêr’t de minister sels syn eigen beslút mei trochdrukke kin.
De Steatefraksje wol dat it kolleezje fan Deputearre Steaten yn gearwurking mei de oare provinsjes en mei de medyske sektor druk op de minister útoefenet om it behâld fan de bernehertsjirurgy yn Grins te garandearjen.
…moat der bliuwe … Mei ‘der’ dus, is geef Frysk.