Fleanbasis wurdt fiif moanne stil, mar de loft net

jannewaris 21, 2023 09:08

Fan 6 febrewaris ôf is it stil op fleanbasis Ljouwert, sa skriuwt Omrop Zilt. Fanwegen grutte wurksumheden steane der moannen gean strieljagers op de basis. Mar it militêre loftrom bliuwt wól gewoan iepen.

Foto: Fleanbasis Ljouwert

It Ryksfêstgoedbedriuw begjint yn febrewaris mei grutte wurksumheden oan de haadbaan fan de fleanbasis. In perioade fan fiif moanne sûnder fleanen dus. Alteast, de twadde baan bliuwt noch efkes iepen foar ‘ynsidinteel’ ferkear. Fan april ôf is dy baan ek ticht. Alle wurksumheden duorje nei alle gedachten oant augustus.

Ferfange
Allinne ûnderhâld wie net mear genôch foar de Marsumer banen, sa makke Definsje ferline jier al bekend. Sa moat de baan opnij asfaltearre wurde. Mar ek de ferljochting op de baan is oan fernijing ta en der komme nije ynstallaasjes om fleantugen tsjin te hâlden. Dy kinne in F-35 ôfremje as der by it opstigen of lânjen wat misbeteart. Mar dat betsjut net dat it boppe Fryslân stil wurdt. It loftrom bliuwt nammentlik wol iepen.

Acht fan de Ljouwerter F-35’s fleane kommende tiid oer Pommeren yn stee fan Fryslân. Fan fleanbasis Malbork ôf hâldt de iene helte it loftrom yn East-Europa yn ‘e gaten. De oare helte is mei om te trainen mei de NAVO. Sa nedich kinne ek dy bakken rap ynset wurde.

Gau werom
De oare strieljagers fleane fan Marsum ôf nei Volkel en traine dêrwei troch. Ek boppe it Fryske loftrom.

Boarne: Omrop Zilt

jannewaris 21, 2023 09:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.