Fjouwer op fiif nije auto’s yn Noarwegen binne elektrysk

jannewaris 5, 2023 08:38 Fernijd

Yn Noarwegen is hast tachtich persint fan de nij ferkochte auto’s ûnderwilens elektrysk. Dat docht bliken út gegevens dy’t frijjûn binne troch de Noarske autobrânsferiening OFV. De Noaren kochten ferline jier goed 174.000 auto’s. Dêr wiene goed 138.000 folslein fan elektrysk.

Tesla S (foto: Wikipedia/Jusdafax)

Tesla wie it populêrste automerk by Noarske automobilisten. It Amerikaanske bedriuw ferkocht goed 21.000 reauwen. Dêrnei folgen Folkswein op twa, BMW op trije en Toyota op fjouwer. Neffens de OFV wie de Tesla Model Y de populêrste auto, folge troch de ID4 fan Folkswein en de Skoda Enyaq. It oanpart elektryske auto’s naam it ôfrûne jier flink ta: yn 2021 wie 65 persint fan de nij ferkochte auto’s in elektrysk model, ferline jier dus tachtich persint. Tsien jier lyn wie noch mar 2,9 persint fan de nije auto’s yn it lân elektrysk.

Royale subsydzjes
Noarwegen wol dat yn 2025 gjin inkelde auto mear ferkocht wurdt dy’t op fossile brânje rydt, ek al is it lân sels in grutte produsint fan oalje en gas. De royale belestingfoardielen op de elektryske auto’s hawwe de Noarske skatkiste ferline jier omrekkene sa’n fjouwer miljard euro oan belestingynkomsten koste.

Yn Nederlân rekket de elektryske auto ek hieltyd mear yn trek. Oant en mei 30 novimber ferline jier rieden goed 316.000 elektryske auto’s om, meldt de Rykstsjinst foar Undernimmend Nederlân. Sa’n 21 persint fan de yn Nederlân ferkochte nije auto’s wie ferline jier, rekkene oant en mei novimber, folslein elektrysk.

jannewaris 5, 2023 08:38 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.