Film Sol Archer wurdt fertoand op IFFR

jannewaris 24, 2023 08:36 Fernijd

Boarne: Keunsthûs SYB

Ofrûne simmer wurke Sol Archer mei syn residinsje by Keunsthûs SYB yn Beetstersweach oan it projekt Gardening Practices. De film dy’t er yn gearwurking mei de Tropyske Kas yn Beetstersweach makke hat, is selektearre foar it International Film Festival Rotterdam (IFFR) op freed 27 jannewaris.

De broeikas is it ultime foarbyld fan konstruearre natuer. In floraal spektakel wurdt útfierd binnen de glêzen wanden fan de kas, dêr’t frijwilligers de ûnderfining folslein meitsje troch lûden út de tropen nei te meitsjen nei de muzikale notaasje fan de Braziliaanske keunstner, fotograaf en ûntdekkingsreizger Hercule Florence, dy’t natuer, byld en lûd twa iuwen lyn ek al byinoar brocht.

Datum: Freed 27 jannewars 2023;
Filmfertoaning: 15:30 & 20:00 oere;
Lantaren Venster, Rotterdam;
Klik hjir foar kaartsjes.

jannewaris 24, 2023 08:36 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.