Fierder as Kollumerpomp

jannewaris 4, 2023 17:55

Ynstjoerd

Wapen Kollumerpomp (publyk domein)

Twa jier lyn hawwe de ynwenners fan it doarp keazen om net as De Pomp mar as Kollumerpomp fierder te gean. As wy no de media leauwe meie, dan soe de plaknamme Kollumerpomp Nederlânsk wêze. Soks is larykoek fansels. It hat altiten al gewoan in Frysktalige namme west.

Doe’t de âlde seedyk nei fyftjinhûndert de funksje fan slieperdyk krige, waard yn ’e dyk in pomp of dûker tusken de wetters fan de polder ‘Nieuw Kruisland’ en de Pompster Ryd makke. Al rillegau kamen der huzen en ûntstie der in buorskip by de pomp. Dy buorskip neamden se hiel ienfâldich De Pomp. It begryp pomp foar dûker fine wy allinne mar yn Fryslân en Grinslân. It hat oant it begjin fan de tweintichste iuw duorre ear’t der ‘Kollumer’ oan taheakke waard. Yn in tiid sûnder postkoaden wie soks wol noflik. De namme Kollum giet werom op Col(le)heim yn de njoggende en de tsiende iuw.

Us wurkgroep hie of hat gjin foarkar foar ien fan twaen. De Pomp slút moai oan by it Pompstersk, mar mei dy oare namme ûntstiet der wol in sterke trijeslach fan nammen, Kollumersweach, Kollum en Kollumerpomp. Sa’n trijeslach leit hiel moai de kearn fan de eardere gemeente Kollumerlân fêst. Mar soe it hjir yn ’e omkriten net De Pomp bliuwe?

Topografyske Wurkgroep Fryslân

De tekst fan dit artikel hat yn in Nederlânsktalige oersetting yn it desimbernûmer fan ’e doarpskrante Kontakt stien. Tagelyk hawwe wy doe alle Fryske media oproppen om, sa’t de ynwenners fan it doarp besletten hawwe, tenei de nije Frysktalige namme Kollumerpomp te brûken en dy namme no net mear domwei yn it bewende Nederlânsktalige rychje Warfstermolen, Munnekezijl en Burum te neamen! (2022/2023 towufrysk@knid.nl)

jannewaris 4, 2023 17:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.