Ferline jier wat mear autoynbraken yn Fryslân
Resint ferskynd
- Stikken Pier21 wurde opfierd yn Mauritanië en Udine (It.) 0
- Coen Verbraak snein 26 maart yn petear mei keunstneres Els Timmerman 0
- Oersetwedstriid Randy Newman 0
- Dochter bewenner kibboets Frjentsjer kriget bysûndere tekening fan Histoarysk Sintrum Frjentsjer 0
- Belgyske plysje fynt stellen postpakketten werom 0
Ferline jier waard yn Fryslân wat faker ynbrutsen yn auto’s as yn 2021. Yn totaal gie it 304 kear ferkeard, wylst in jier earder 298 autoynbraken meld waarden. Auto’s waarden it faakst iepenbrutsen yn de gemeenten Ljouwert, Smellingerlân en Súdwest-Fryslân. De trije gemeenten binne sels goed foar in bytsje mear as de helte fan alle autoynbraken yn ’e provinsje. Dat en mear docht bliken út ûndersyk fan Independer op basis fan de resintste nasjonale plysjedata.

Foto: pexels.com
Measte autoynbraken yn Ljouwert
Ferline jier wiene der 102 autoynbraken yn de gemeente Ljouwert. Yn gjin inkelde Fryske gemeente lei dat tal sa heech. Yn Smellingerlân (43) en Súdwest-Fryslân (37) gie it ek faak mis. Nei de eilannen It Amelân, Skiermûntseach, Skylge en Flylân waard it minst faak ynbrutsen yn auto’s yn Eaststellingwerf en Dantumadiel. Yn beide gemeenten waarden ferline jier fjouwer meldingen fan in autoynbraak makke.
Fryslân minste kâns op autoynbraak
Hoewol’t yn Fryslân it tal autoynbraken wat tanaam, is de kâns dat in auto iepenbrutsen wurdt relatyf leech. Op 10.000 húshâldens wiene yn Fryslân 10,2 ynbraken yn auto’s. Dat is folle minder as de lanlike trochsneed fan 53,1 autoynbraken op 10.000 húshâldens. Fryslân is sels de provinsje mei de leechste kâns op ynbraak.
Wol binne der grutte ferskillen de gemeente. Sa is de kâns op in ynbraak yn jins auto it grutst yn Smellingerlân. Op 10.000 húshâldens wiene dêr ferline jier 17,1 autoynbraken. Oan ’e oare kant stiet Eaststellingwerf: dêr waarden yn 2021 ‘mar’ 3,5 autoynbraken op 10.000 húshâldens registrearre.
Benijd nei de sifers fan oare gemeenten yn Nederlân? Hjir is mear oer it ûndersyk te lêzen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje