Femke Wiersma: Beskerme status foar produksje fan iten
Resint ferskynd
Op 28 desimber 2022 kamen Fryske studinten moai machtich nei de akademystêd Frjentsjer om yn De Bogt fen Guné harren jierlikse krystkongres te hâlden. Dat njoggentichste kongres hie Stjer fan Fryslân as tema. De ôfrûne dagen hawwe we de ferslaggen fan trije taspraken al publisearre. Hjoed slute we de rige ôf mei dat fan de lêste sprekker.
De fjirde en lêste sprekker, Femke Wiersma, wol it hawwe oer de suvel en Us Mem yn Fryslân. Mar se komt earst mei in reaksje op Ids Willemsma syn klacht oer de boeren. Twa ferhaaltsjes earder hat dy pleite dat boeren fan de Nederlânske flagge ôfbliuwe. It protest is wol ris in kear klear, sei er. Frou Wiersma lûkt har dat oan en seit dat it folle komplekser leit as Willemsma koartlyn bepleite. Sy fertelt oer it yntergenerasjonele kapitaal dat yn boerefamyljes in grutte rol spilet. Der is in soad jild yn de agraryske sektor, mar it is net samar út te jaan. It sit fêst yn de grûn en yn it bedriuw. Foar boeren is buorkjen net wurk, mar libjen; it sit yn harren identiteit.
As twadde jout se oan dat plannen lykas dat fan de feangreidefyzje foar bedriuwsfinansiering foar buorkerijen in probleem foarmje. Willemsma ûnderbrekt har en makket grut protest. Hy seit noch mar ris dat it jild by boeren by him yn de famylje en kunde tsjin de plinten klotst. Femke Wiersma reagearret mei in hiel oar punt: it tal gefallen fan suïside leit yn de sektor o sa heech; te heech.
Dêrnei begjint de taspraak. Femke Wiersma is fraksjemeiwurker by de BBB yn de Twadde Keamer. Yn de partij (dy’t oanfierd wurdt troch Caroline van der Plas) geane dingen goed. De BBB stiet der yn de peilingen goed foar. Fol moed rjochtet de BBB him op de kommende Provinsjale Steateferkiezingen yn maart 2023. Frou Wiersma lit sjen hoefolle grûn oft yn Nederlân geskikt is foar it produsearjen fan fiedsel. Sa’n hoemannichte grûn bringt de ferantwurdlikheid mei om dêr mei te wurkjen.
Wat Us Mem yn Fryslân oanbelanget: kij fertsjinje in grutte rol yn de Fryske lânbou. Yn Fryslân is feehâlderij de geskiktste wurkwize om de grûn te brûken en it gers om te setten yn iten foar de tanimmende wrâldbefolking. Op de fraach oft der net in hurd alternatyf is, antwurdet frou Wiersma dat dat net samar kin: dan ûntstiet der hongersneed op de wrâld. Moatte der dan minder kij komme? Nee, is wer it antwurd, mar miskien moat der wol sjoen wurde nei gruttere buorkerijen. Mar sels dan hawwe boeren te krijen mei begrinzingen yn de sektor lykas molkekwotums en fosfaatrjochtlinen.

Us Mem (foto: Wikimedia Commons/Bouwe Brouwer – lisinsje CC BY-SA 3.0)
De sprekster konkludearret dat gerslân yn Fryslân o sa wichtich is. Dat moatte wy benutte sa goed as we kinne en dat kin mei de ko. De produksje fan iten moat in beskermjende status krije. Der moat mear ynnovearre wurde en fruchtbere grûn moat beholden wurde. Dat past binnen in takomst dêr’t de ko syn rol yn trochspylje kin.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje