Feie Fonyk: Nei in Deensk model fan ymmigraasje?
Resint ferskynd
Kollum
Wy hawwe der tusken 2000 en 2020 mear as twa miljoen minsken by krige. Dat wie elk jier 100.000 minsken mear, in stêd like grut as Ljouwert.
Der binne minsken dy’t fan miening binne dat dy groei fan de befolking nedich is. Der is ommers in sterke fergrizing en wa moat de kommende jierren foar al dy âlde minsken soargje? Wa docht it needsaaklike wurk? Foar it bedriuwslibben en nochal wat bestjoerders en politisy binne al dy âlde minsken in ôfgriis dy’t de ekonomy en de maatskippij bedriigje. Fakatueres bliuwe net ynfolle, de ekonomyske groei rint efter, de kosten fan de soarch fleane omheech en wa moat yn de takomst ús AOW en pensjoenen betelje?
Mei in praktysk grinsleas ymmigraasjebelied tinke se sawol de fergrizing fan de befolking as de ferskriklike boattochten oer de Middellânske See yn ien klap op te lossen. It liket ienfâldich.
As wy no te folle 65-plussers hawwe yn relaasje ta 65-minners, soargje wy gewoan dat it tal ûnder 65-jierrigen oanfolle wurdt.
Al dy minsken dy’t fan betinken binne dat wy net sûnder dy ‘arbeidsmigranten’ kinne, negearje de serieuze byeffekten lykas befolkingsgroei en de dêrby hearrende problemen: wenningtekoart, skea oan natuer en miljeu en oerbelêste ynfrastruktuer. Boppedat: ek dy migranten sille âld wurde, de arbeidsmerk ferlitte en dan in âlderdomspensjoen en soarch nedich hawwe.
As wy de ‘grize druk’ (de ferhâlding tusken it tal minsken fan 65 jier of âlder en it tal minsken fan 20 oant 65 jier) gelyk hâlde wolle, soe Nederlân hieltyd mear nije minsken talitte moatte. Undersikers hawwe oantoand dat dermei ûnrealistyske oantallen ymmigranten nedich binne om it fergrizingsprobleem op te lossen. Sa trochgean is gjin opsje. Wy kinne net trochgean mei alle jierren in stêd as Ljouwert te bouwen.
Der sil dus in rem komme moatte op it tal ‘arbeidsmigranten’ en it tal asylsikers. Wa wit, moatte wy nei it Deenske model. De hjoeddeiske minister fan ymmigraasje en yntegraasje yn Denemarken, Mattias Tesfaye – sels de soan fan in ymmigrant út Etiopië – sei it sa: “Wy wolle de Deenske fersoargingssteat net ôfbrekke troch ûnkontrolearre asylmigraasje”.
Neffens him hawwe wy as Europa fierstente nayf west as it om migraasje giet. “Wy hawwe oant no ta net genôch rekken holden mei kultuerferskillen. Wy tochten dat as minsken in baan krije, se krekt sa as wy begjinne te tinken, mar dat is net sa.” Neffens Tesfaye is it dêrom wichtich dat Europa better omgiet mei migraasje.
Neffens him binne it net de rike, mar de gewoane minsken dy’t de tol betelje, as it tal asylsikers net behearske wurdt. As sosjaaldemokraat sjocht er it dêrom as syn taak om te soargjen dat ymmigraasje kontrolearre ferrint. “Oars kinne wy de sosjaaldemokrasy likegoed ôfskaffe, want dan soene wy net mear soargje foar de swakken yn de maatskippij.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje