Falentynskonsert ‘Oade oan de leafde’
Resint ferskynd
Falentynskonsert Regina Forte by Kultuerpoadium Doarpstsjerke Huzum, Ljouwert op snein 12 febrewaris 2023 om 15.30 oere.
It Falentynskonsert ‘Oade oan de leafde’ is in yntym konsert mei (licht) klassike en populêre muzyk, fan barok oant rock, mei meiwurking fan sjonger Kees van der Berg.

Regina Forte mei Kees van der Berg (eigen foto)
Strykkwartet Regina Forte is ûntstien yn Fryslân yn 2014. Ina, Anna, Inge en Andrea koene inoar al út ferskate Fryske ad-hocorkesten en fia harren banen yn it ûnderwiis. Hja koesteren alle fjouwer de winsk om in moai strykkwartet op te rjochtsjen. Underwilens hawwe se mear as hûndert konserten fersoarge yn Fryslân, Grinslân en Drinte en dêrbûten, soms yn gearwurking mei Gerrit Breteler, Peter van der Zwaag, Wiebe Kaspers en Douw Fonda.
Hja wiene op radio en telefyzje te beharkjen yn Noardewyn en Podium on Tour en yn oktober 2019 begelaten se Willeke Alberti yn Afas Live yn Amsterdam. It strykkwartet folge masterlessen by ûnder oare Johannes Leertouwer, Kees Dekkers, Douw Fonda fan it Vespucci Quartet, it Ruysdael Kwartet, it Dudok Quartet en it Bennewitz Quartet.
Foar it Falentynskonsert hat it kwartet Kees van der Berg útnûge. Dy sjonger en gitarist spilet graach ferfine, akoestyske lietsjes mei omtinken foar tekst en melody. Syn stim mei grut berik soe men in miks tusken Sting en Damien Rice neame kinne. Hy kleuret prachtich by it waarme lûd fan de strikers. Mei-inoar belibje se in protte wille oan it ynstudearjen en útfieren fan de arranzjeminten dy’t soms spesjaal foar harren skreaun binne, sûnder toeters en bellen of grutte effekten, mar fan in muzikale skjintme yn syn suverste foarm.

Doarpstsjerke Huzum (foto: Jan de Vries)
Fia dizze link is alfêst in foarpriuwke te sjen en te beharkjen: www.facebook.com/StrijkkwartetReginaForte/videos/3445336232366948.
De tagongspriis is € 12,50, foar bern o/m tolve jier € 2,50. Tagongskaarten kinne fan tefoaren digitaal oanskaft wurde fia it Ticketkantoar: www.ticketkantoor.nl/shop/Reginaforte.
By de tsjerke is net folle parkearromte. Besikers kinne de auto, op rinôfstân en fergees, op it romme parkearterrein foar de Intratuin oer (súdside Tynjedyk) kwyt.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje