Earstejiers yn Maastricht krije ferplichte les oer seksueel wangedrach

jannewaris 18, 2023 08:37 Fernijd

Earstejiersstudinten dy’t yn septimber by de Universiteit Maastricht begjinne, krije yn ’e yntroduksjewike fan harren fakulteit foarljochting oer seksueel hâlden en dragen dat der net op troch kin. It giet om ferplichte lessen, dêr’t de universiteit op it stuit de ynhâld fan oan it útwurkjen is.

Universiteit Maastricht, medyske fakulteit (foto: Wikipedia/Kleon3 – CC BY-SA 4.0)

Oanlieding foar de ferplichte foarljochting binne sifers oer studinten dy’t mei seksueel geweld of yntimidaasje te krijen hawwe. Yn juny 2021 konkludearren Amnesty International en I&O Research nei represintatyf ûndersyk dat ien op de tsien froulike studinten yn Nederlân yn de stúdzjetiid slachtoffer fan ferkrêfting wurdt. In pear moanne letter kaam út in eigen enkête fan de Universiteit Maastricht in ferlykber byld nei foaren. Hast de helte fan de studinten dêr joech yn dy peiling oan mei seksueel geweld of yntimidaasje te krijen hân te hawwen. Yn ien op de tsien gefallen gie it om ferkrêfting.

“Dat bart fansels faak bûten de muorren fan de universiteit, mar dêr’t wy kinne, wolle wy in bydrage leverje om it petear tusken jongelju oer dit ûnderwerp te stimulearjen”, seit bestjoersfoarsitter Rianne Letschert yn it NOS Radio 1 Sjoernaal. Hja beklammet dat de wichtichste doelstelling fan it foarljochtingsprogramma previnsje is. “It is net ús earste ferantwurdlikheid om oer dit maatskiplike probleem nei te tinken, mar wy hawwe wol in soarchplicht.”

Hoe’t de foarljochting derút komt te sjen, is noch net dúdlik. De Universiteit Maastricht sjocht foar de ûntwikkeling fan it programma ûnder mear nei de Feriene Steaten en Australië, dêr’t lessen oer hâlden en dragen dat te fier giet, gongber binne. Dêr hat bliken dien dat guon lesprogramma’s effektyf binne en oare net. De likernôch achttûzen earstejiersstudinten dy’t begjin septimber yn Maastricht úteinsette, binne de earste studinten dy’t mei it ferplichte foarljochtingsprogramma te krijen ha sille.

Goed in jier lyn ûndertekenen hast tweintich universiteiten en hegeskoallen in manifest fan Amnesty tsjin seksueel geweld. Dêr praten hja yn ôf om har foar in feilige omjouwing foar studinten en meiwurkers yn te setten. Ferskate universiteiten organisearje bygelyks wurkateliers en kursussen foar studinten oer it oanjaan fan persoanlike grinzen en sosjale feiligens.

jannewaris 18, 2023 08:37 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.