Earste eksposysje fan it nije jier by Galery Bax Kunst kleurryk en hypermodern

jannewaris 5, 2023 08:43 Fernijd

Fan 7 jannewaris ôf is de earste eksposysje fan it jier by Galery Bax Kunst yn Snits te sjen. Amerentske Koopman en Bernard Zantman presintearje dêr harren nijste skilderijen en 3D-print ljochtobjekten. Foar Zantman is it syn eksposysjedebút, frou Koopman eksposearre al ferskate kearen en is in betroud gesicht yn de fêste kolleksje fan de galery. It ûnthjit in kleurrike en futuristyske útstalling te wurden.

Amerentske Koopman ‘Relativity II’ (foto: Bax Kunst)

Bernard Zantman ‘Lisboa’ (foto: Bax Kunst)

Skilderijen út perspektyf wei
Yn Amerentske Koopman har skilderijen, dy’t oer plattegrûnen geane, wurdt it byld foarme troch struktueren, tekstueren, flakken en linen. Dat giet fan steds oant lânskiplik. Troch it keazen perspektyf, it helikoptersicht, is der oersjoch en makket se mear of minder ynzoome bylden fan lânskippen en stedsplattegrûnen. Linen, transparânsje, reliëf, werhelling, skerpstelle en ôfstân nimme, al dy faktoaren wurkje mei oan it gefoel fan ûneinigens. “As men as taskôger nei myn skilderijen sjocht, kin men sels ôfstân nimme of der mei de noas boppe-op stean gean, by beide ûnderfynt men de djiptewurking. De patroanen lykje harsels ûneinich te werheljen, ek al sit men der hiel ticht op.”

3D-printe ljochtobjekten
Bernard Zantman wennet yn Harns dêr’t er ek syn atelier hat. Yn syn eardere wurk as dosint byldzjende foarming, hat er jierrenlang mei in protte entûsjasme jonge minsken yn ’e kunde komme litten mei it ûntwerpen en foarm jaan fan romtlike objekten. Nei syn ôfskied fan it ûnderwiis krige er tiid om sels oan ’e slach te gean. 3D-printsje wie in nije útdaging.

Sawol de rike foarmetaal fan blommen en planten, as ek dy fan de arsjitektuer binne foar him in ûnútputlike boarne fan ynspiraasje. Al syn ljochtobjekten binne fan enerzjysunige ledferljochting foarsjoen. Se jouwe allegearre ljocht, mar binne té bysûnder om ‘lampe’ neamd te wurden.

De eksposysje duorret oant en mei 18 febrewaris 2023.

Boarne: Bax Kunst

jannewaris 5, 2023 08:43 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.