Earbetoan Bertus Jans Postma

jannewaris 25, 2023 13:07

Ynstjoerd

Bertus Postma. Eigen foto.

Op freed 13 jannewaris is Bertus Jans Postma yn Ingelum te hôf brocht. Lykas bekend wie Postma in foaroanman yn de striid foar de Fryske taal. Hy bestege in grut part fan syn libben oan it ferfryskjen fan geografyske nammen lykas plaknammen om it Frysk sichtberder te meitsjen yn de iepenbiere romte. Syn grutste sukses wie de ferfrysking fan de nammen fan wetterwegen (marren, kanalen, rivieren) yn de hiele provinsje.

Op it mêd fan plaknammen boekte Postma ek foarútgong, mar troch tsjinwurking fan gemeenten minder as er wollen hie. Sa hawwe tal fan gemeenten wol twatalige doarpsnammen, mar binne de Fryske nammen net offisjeel registrearre, sadat se net brûkt wurde meie yn de korrespondinsje mei oerheidsorganen lykas de belestingtsjinst. Yn de fúzjegemeente Waadhoeke besochten Postma en ûnderskreaune plaknammen fan de eardere gemeente Frjentsjerteradiel te ferfryskjen wylst plaknammen fan eardere gemeente Menameradiel al Frysk wiene, mar Waadhoeke wie dêr net ree ta.

Yn de ôfskiedstsjinst yn de tsjerke fan Ingelum spruts wethâlder Jan Dijkstra fan Waadhoeke syn wurdearring út foar de ynspanningen fan Postma. Soe it net in moai postúm earbewiis foar it krewearjen fan Postma wêze as de gemeente Waadhoeke no beslute soe ek yn Waadhoeke offisjeel Fryske plaknammen yn te fieren?

Jehannes Elzinga
Frjentsjer

 

 

jannewaris 25, 2023 13:07
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cor Jousma jannewaris 25, 16:24

    [Yn de ôfskiedstsjinst yn de tsjerke fan Ingelum spruts wethâlder Jan Dijkstra fan Waadhoeke syn wurdearring út foar de ynspanningen fan Postma.]

    Guon minsken kinne better swije by sokke gelegenheden.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.