Wmo- en learlingeferfier yn Ljouwert fan augustus ôf duorsum

jannewaris 15, 2023 08:38 Fernijd

Yn de gemeente Ljouwert ride alle auto’s en (rolstoel)buskes foar it Wmo-ferfier en learlingeferfier fan augustus 2023 ôf elektrysk. De gemeente luts skerpere easken oan duorsum reau. De hjoeddeiske oanbieder fan dat ferfier – Taxi Witteveen – wûn ek de oanbesteging foar de kommende tiid. It bedriuw kriget in kontrakt foar fiif jier, mei in mooglike ferlinging oant acht jier.

Foto: Wikipedia/Lennart Bolks – publyk domein

Duorsum reau
Gemeente Ljouwert is ambisjeus oangeande duorsumens. “Wy wolle bydrage oan de oerstap nei skjinne en duorsume enerzjyboarnen. Dat nimme wy mei yn de oanbesteging foar it Wmo- en learlingeferfier”, jout wethâlder Hein Kuiken oan. “Wy stimulearren de ynskriuwers om binnen de rintiid fan it kontrakt de auto’s en buskes sa gau mooglik fierder te ferduorsumjen,” seit de wethâlder, “en dat is slagge!”

Op de klant rjochte en krekt
“Wy hawwe as gemeente by de oanbesteging de ûnderfiningen fan brûkers  meinommen. Foar harren binne op de klantfreonlikens en krektens it wichtichst. Dêrom is dêr yn de oanbesteging ek op beoardiele”, jout wethâlder Nathalie Kramers oan. Ronald Lenters fan Taxi Witteveen: “Wy ferfiere kwetsbere ynwenners. It is in taak dy’t in protte ferantwurdlikheid meibringt. Taxi Witteveen fiert de oerienkomst út mei goed oplate en bedreaune sjauffeurs, dy’t alle dagen in stapke ekstra sette. Troch de ûnderfining dy’t wy yn Ljouwert opboud hawwe, meitsje we, ek yn de spitstiden, dêr’t in protte fan it ferfier yn dien wurdt, in hege krektens. Alle dagen meitsje we in komplekse logistike puzel om elkenien klantfreonlik en krekt te ferfieren. Dêr binne wy goed yn.”

Wmo-ferfier
Ynwenners kinne foar Wmo-ferfier yn ’e beneaming komme as se troch in beheining net fan oar ferfier gebrûk meitsje kinne, lykas in fyts, brommer, scooter, auto of iepenbier ferfier. Sa kinne se dochs oan it maatskiplik ferkear dielnimme. Bygelyks om oare minsken te moetsjen of boadskippen te dwaan.

Learlingeferfier
In bern kin foar it learlingeferfier yn ’e beneaming komme as dy troch in beheining net mei begelieding nei de tichtstbysteande tagonklike skoalle rinne, fytse of mei it ferfier reizgje kin. It is ornearre om ek bern mei in beheining nei (spesjaal) basis- of (spesjaal) fuortset ûnderwiis gean litte te kinnen.

jannewaris 15, 2023 08:38 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.