‘Dr. Nasrs Wunderkammer’ fan 11 jannewaris ôf op telefyzje
Resint ferskynd
De bysûndere wrâld fan Ramsey Nasr en syn samlingen, fan 11 jannewaris ôf, alle woansdeis om 22.20 oere by de NTR op NPO 2.

Ramsy Nasr (boarne: NTR)
Gjin plak yn it hûs fan akteur en skriuwer Ramsey Nasr is ûnbeset: boeken en cd’s, mar ek minder wenstige saken as flinters, fossilen, opsette bisten, natuerensyklopedyen, fûstbilen, âlde printen, fotografy – hy sammelet it allegear. Wêr komt dy fassinaasje wei? Sit der in line yn al dy ûnderskate dingen, en is in samling ea ‘ôf’? Yn in wrâld dy’t him foaral online ôfspilet, ferdwynt men yn de searje yn it taastbere universum fan Ramsey Nasr en syn Wunderkammer. In selskreëarre wrâld dy’t de sjogger de fraach stelt: hoe ferhâlde wy ús ta it ferline?
Dr. Nasrs Wunderkammer is in soarte fan reisprogramma op it plak sels, dêr’t keunst, wittenskip, kultuer, natuer en skiednis yn byinoar komme. Yn eltse ôflevering sjocht men in lyts part fan Ramseys samling en besitet er in kenner fan in ûnderwerp dat him fassinearret. De sjogger giet mei: nei de printe-argiven fan Teylers Museum bygelyks, of in ôfhandich tsjerkhôf om koarstmoazen te sykjen. In ûntdekkingsreis, op ’e syk nei oardering, ferklearring, in foaral: ferwûndering oer hoe’t ús wrâld yninoar stekt.
Ramsey Nasr: “Eigensinnige hobbys op telefyzje fyn ik foaral nijsgjirrich as it wat breders fertelt: oer it hjir en no. Myn sammelobjekten sjoch ik as oanlieding om in maatskiplik tema te behanneljen, fan klimaatrampen oant it leauwe, seksisme en kolonialisme. Dat is wierskynlik ek de reden dat ik begûn bin mei sammeljen: ik woe as bern de wrâld leare te begripen. Se kinne my noch hieltyd net lokkiger meitsje as troch my op ’en paad te stjoeren mei bygelyks in moasspesjalist. Wat my oansprekt yn foarige iuwen is dat de wrâld noch net ‘ôf’ wie. Der wie in ûnbidige driuw nei kennis. Mar ek de skaadside fassinearret my: de swarte rânen fan de skiednis.”
De seis ôfleveringen fan Dr. Nasrs Wunderkammer hawwe elk har eigen tema. Oflevering 1 oer oarder en gaos is op 11 jannewaris om 22.20 oere te sjen op NPO 2. De produsint fan de searje is Tomtit film.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje