Doede Wiersma: Wês net bang
Resint ferskynd
- Ferlinging subsydzjeregeling enerzjykoöperaasjes Fryslân 0
- Bouwe de Boer: Wynmûnen en stroomopslach: de motoaren fan de energetyske revolúsje 0
- Frysktalige tsjerketsjinsten 9 en 10 desimber 2023 0
- ‘Utstoarne’ eamelstikelbaarch nei 62 jier filme 0
- FeRstival fiert jubileum: 80 jier foardrage yn it Frysk 0
Oertinking
Doe’t it ynienen ljocht waard yn ’e krystnacht, waarden de hoeders tige kjel.
In dominy fertelde dat ferhaal op ’e berneôfdieling fan in sikehûs yn Amsterdam en frege: “Hoe kin it dat dy hoeders dêrnei wer wat ta rêst kamen?” Doe rôp in lyts jonkje: “Dy ingel sei: jimme moatte net sa bang wêze; ik sil jim net opfrette.”
Nico ter Linden dy’t dit fertelt, beslút syn stikje ‘Vreest niet’ mei: “Der hat in healwizeling west dy’t teld hat hoe faak oft dy wurden yn ’e Bibel foarkomme. Witte jim hoe faak? Trijehûndert fiifensechtich kear. Dus wie er efterôf besjoen ek wer net sa healwiis” (Kerststukjes, side 45-50).
Eangst ferpest it libben fan hiel wat minsken. Panyske eangst foar de dea jaget guon minsken op ta freaks yn fittness, sport en iten. Minsken hawwe hichte- of ingtefrees, se ha smet-, plein- of romtefrees.
Slimmer wurdt it as it ta waanideeën útgroeit lykas by efterfolgingswaan. Grutte persoanlikheden binne eangstich om’t se beseffe dat se in soad te ferliezen ha. Minsken sitte yn tûzen noeden om de sûnens, de partner, de bern, it wurk. Of se wolle graach meitelle en tinke faak dat se oer en tefolle binne.
Wy ha yn it krystfeest Immen moete dy’t Helper fan minsken is! Hy seit it kommende jier alle dagen op ’e nij tsjin ús: “Wês mar net bang!” En as wy dan ús eigen bangens de baas binne, dan helpe wy ek oaren om der boppeút te kommen. Dan kinne wy ús elke jûn yn frede deljaan en sliepe (Psalm 4:9).
Lêze: Psalm 4:7-9
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje