Doede Wiersma: Us Heit yn ’e himel

jannewaris 22, 2023 07:00 Fernijd

Oertinking

Yn in boek oer opfieding lês ik: “Bern ha leaver in minne heit as gjin heit.” Sá wichtich is foar bern it hawwen fan in heit.

De âldste delslach fan it leauwen yn ’e Bibel fine wy yn ’e nammen dy’t âlden oan bern jouwe. Dêr blykt út dat minsken God as heit belibben. Yn dy nammen betsjut ‘ab’ Heit. Yn it liet ‘Abba Vader’ steane it Hebriuwske en it Hollânske wurd neistinoar.

Eli – ab (Myn God is Heit); Ab – ia (Heit is Jahweh);
Ab – ner (Heit is ljocht); Abi – chaïl (Myn Heit is krêft);
Abi – hu (Myn Heit is Hy!); J – ob (ab) (Wêr is Heit?);
Ab – sjaloom (Heit is frede).

It is wat yn ’e moade om te bewearen dat God yn it Earste Testamint net as Heit sjoen wurdt (Yn kategisaasjemateriaal en ek by Nico ter Linden yn Het verhaal gaat). Komt dat om’t minsken by it bibellêzen listen mei nammen oerslane en te min weet ha fan de betsjutting fan dy nammen?

Ienfâldige, leauwige minsken yn Ald-Israel belibben God as Heit, en wiisden yn de nammen har bern op dy Heit. Jezus groeide op yn dy tradysje en belibbe God as Heit. Syn hiele libben is as in oanhâldend petear mei dy Heit. Syn earste wurden binne: “Jimme moatte dus foar elkenien goed wêze, lykas jimme himelske Heit dat is.” (Matteüs 5:48). Syn lêste wurden binne: “Heit, yn jo hannen betrou Ik myn geast.” (Lukas 23:46).

Jezus tekene ús dy Heit yn it ferhaal fan de heit en de twa soannen (Lukas 15). Ierdske heiten meie in foarbyld oan dy himelske Heit nimme, in Heit dy’t leafhat sûnder betingsten.

Rembrandt van Rijn, It weromkommen fan de ferlerne soan (publyk domein)

Lêze: Matteüs 5:46-48

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
jannewaris 22, 2023 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.