Doede Wiersma: Oerdreaune soarch foar wat fuort is

jannewaris 15, 2023 07:00

Oertinking

Rembrandt van Rijn, De ferlerne soan as bargehoeder (publyk domein)

Dominy Joke van der Velden die de suggestje om Lukas 15 te brûken by it yn it amt befêstigjen fan amtsdragers. Yn sa’n tsjinst fiert de gemeente de blydskip dat der minsken foar it amt fûn binne. Blydskip, want it wurdt alle jierren dreger om minsken te finen. Sa belibbe ik dat yn Dokkum.
Yn Amsterdam, dêr’t Joke van der Velden dominy wie, sil it net better west hawwe. Lykwols hat se yn 2003 mei har gemeente de priis wûn foar in kreative wize fan gemeentewêzen. It kin dus wol en ek yn Amsterdam!

Moai binne de fergelikingen dy’t se makket tusken de figueren út Lukas 15 en de amtsdragers fan no. De sykjende, noedzjende hoeder lit ús benammen tinke oan de diaken. Dy jout soarch oan groepen en minsken dy’t gjin of te min kânsen ha en it allinne net rêde. Dat binne de âlderen, minsken sûnder wurk, lichaamlik en geastlik beheinde minsken mei minimale bystân en minsken yn ’e tredde wrâld. Om’t ûntelberen ferlern driigje te reitsjen, docht de diaken in berop op ’e gemeente om te helpen.

De heit fan de beide soannen lit jin tinke oan de âlderling. De âlderling sjocht om nei minsken, is útnûgjend, skept sfear en makket it libben ta in ‘feest’. De frou yn it middelste ferhaal is dan de tsjerkrintmaster dy’t op ’e sinten passe moat. It wurdt yn ús tiid aloan dreger om de einen oaninoar te krijen.

Joke van der Velden wiist derop dat it skiep en de soan út harsels fuortrinne, mar dat in jildstik dat net kin. De frou seit dêrom: “Ik haw weromfûn wat ik ferlern wie.” Dominy Van der Velden stelde foar om yn dy frou de gemeente te sjen as ferlingstik fan God op ierde. Dat hâldt yn dat de gemeente oerdreaune soarch hawwe moat foar leden dy’t se troch eigen skuld (!) kwytrekke is.

Sille wy dêr ris mei begjinne? Oars wurdt it ommers gjin feest.

Lêze: Lukas 15:8-10

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
jannewaris 15, 2023 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.