Doede Wiersma: It libben is as toulûken tusken goed en kwea

jannewaris 29, 2023 08:10

Oertinking

Jongelju fertelden my dat ‘fersiking’ foar harren wie: út in winkel stelle, spike, smoke, drugs of alkohol brûke, fandalisme, diskriminearje, agresje, porno keapje of besjen op ynternet, gokke, jaloerskens, lige, habsucht, sinleas geweld.

ôfbylding Gordon Johnson fia pixabay.com

In grutte ferlieding hjoed de dei is ek it materialisme. Dan meitsje wy de middels om te bestean ta it iennige doel yn ús libben.
In sjoernalist die berjocht oer Hollanners dy’t har útjouwe foar de nije riken yn it Spaanske Marbella. Yn de haven lizze harren lúkse jachten dy’t noait farre. Harren Ferrari’s ride ek komselden. Alles draait om status. De sjoernalist skreau oer in sjokkearjende legens en snobisme.

Libje wy net allegearre yn in lyts Marbella? Wy wurde ommers allegearre meisûgje yn in materialistyske libbenswize. It libben is toulûken tusken goed en kwea.
Wa’t ea meidien hat oan toulûken, wit dat it om dea giet. Hannen, fuotten, rêch, alles docht sear en de holle rint read oan.
Yn tsjerke liet ik ris trije jonges yn swarte klean en mei swarte maskers foar toulûke mei ien behindich jonkje yn wite klean. It wie bedoeld om sjen te litten hoe’t it kweade faak oermachtich is.
De kweade strúnt om as in âljende liuw, dy’t siket om te ferslinen, skriuwt Petrus.
Wa’t in bytsje selskennis hat én leauwich libje wol, moat alle dagen bidde: Lit ús net yn fersiking komme mar ferlos ús fan it kweade.

Lêze: 1 Petrus 5:8-11

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
jannewaris 29, 2023 08:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.