Doede Wiersma: Ik wit wêr’t Jezus wennet

jannewaris 8, 2023 07:00 Fernijd

Oertinking

In godstsjinstlearaar kaam thús út skoalle. Syn jonkje fan fjouwer rûn him yn ’e mjitte mei in triomfantlik: “Ik wit wêr’t Jezus wennet!” De heit frege: “Ja…? Wêr dan?” “Jezus wennet yn ferhaaltsjes,” sei it jonkje. De learaar én de dominy tochten beide: Wêrom kamen wy dêr net op? Om sjen te litten hoe’t Jezus ynfloed op ús libben kriget, haw ik it idee dêrnei faak brûkt.
Wy kinne wol roppe fan ‘Jezus helpt ús’, mar hoe giet dat dan praktysk yn syn wurk? Hoe wurdt dat sa troch ’en dei belibbe? By mysels, en ik wit dat ek fan oaren, is it sa dat Jezus by ús wennet yn ferhalen fan en oer Him. Troch dy ferhalen kriget Er fet op ús.

Ferdinand Hodler (1853- 1918). De barmhertige Samaritaan (publyk domein)

Dat giet sa:
– Immen dy’t in ûngelok sjocht en mei de dolle holle trochride wol, tinkt oan it ferhaal fan Jezus oer de barmhertige Samaritaan, dy’t it slachtoffer holp en oan labbekakken dy’t neat diene.
– Wa’t slimme krityk op oaren hat, kin op slach swije as him/har yn ’t sin komt dat Jezus in kear sei: “Wa’t sûnder sûnde is, moat de earste stien goaie.”
– Wa’t him ferliede lit ta it pleagjen fan in klassegenoat, in wurknimmer of buorman, kin himsels wol foar de kop slaan as er heart dat Jezus mei Sacheüs, dy’t ek pleage waard, siet te iten.
– Wa’t yn tsjerke iggewearret tsjin aktiviteiten foar de bern, wurdt op in dei rekke troch Jezus’ wurd: “Lit de lytskes by My komme.”
– Wa’t bliid is dat de measten (99) der binne, kriget te hearren dat benammen dy iene dy’t der net is, Jezus oan it hert giet.
– Alden dy’t it dreech ha mei bern yn de pubertiid, leare fan de heit fan de ‘ferlerne soan’ om sûnder betingsten leaf te hawwen. Binne dy ferhalen net fan grutte, praktyske wearde?

Lêze: Markus 4:14-20

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
jannewaris 8, 2023 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.