Dielnimmers socht foar ûndersyk nei taalfariaasje

jannewaris 14, 2023 08:32

Taalwittenskipper Femke van Seijen fan de Fryske Akademy wurket oan in ûndersyk nei taalfariaasje yn it Frysk en it Nederlânsk. Sy docht dat yn it ramt fan it ynternasjonale projekt ‘Multilectal Literacy in Education’ dat ûnder lieding stiet fan prof. dr. Øystein A. Vangsnes fan de UiT Arctic University of Norway. Wa’t Frysk en Nederlânsk praat en de ûndersykster en har kollega’s helpe wol om nije ynsichten te krijen yn hoe’t de talen sprutsen wurde, kin dêr de Fryske Akademy mei skewiele.

Fryske Akademy. Foto © Aant Mulder

Eksperimint
Foar in ûndersyk nei taalfariaasje yn it Frysk en it Nederlânsk siket de Fryske Akademy dielnimmers foar in eksperiment. Om te sjen hoe’t de beide talen sprutsen wurde, wurde audio-opnamen makke fan hoe’t se prate. It ûndersyk bestiet út twa eksperiminten (ien Nederlânsktalich en ien Frysktalich) dy‘t elts sa’n 45 minuten duorje; dus sa’n 1,5 oere yn totaal. Dy ûnderdielen wurde yn aparte sesjes ôfnommen. As tank krije de dielnimmers in fergoeding fan € 10 de sesje.

Eltse memmetaalsprekker fan it Frysk kin oan it ûndersyk meidwaan. It makket neat út oft de dielnimmers frou of man binne, hoe âld oft se binne en watfoar oplieding se hawwe, ek net yn hokker (Frysk) dialekt se prate. It eksperimint wurdt ofwol op Fryske Akademy yn Ljouwert of de Ryksuniversiteit yn Grins ôfnommen ofwol by de dielnimmer thús. Yn beide gefallen wurdt dat troch de ûndersyksassistinten dien. Eventuele reiskosten nei de Fryske Akademy wurde fergoede.

Kontakt
Wa’t ynteresse hat, kin kontakt opnimme mei Femke van Seijen (Fryske Akademy – fan 23 jannewaris 2023 ôf) of mei Hans de Jong (Ryksuniversiteit Grins) op h.de.jong.27@student.rug.nl. Reagearje kin oant ein febrewaris 2023. Sjoch hjir foar de kontaktgegevens fan de Fryske Akademy.

Tafersjoch
It ûndersyk wurdt útfierd ûnder begelieding fan dr. Remco Knooihuizen (Ryksuniversiteit Grins), dr. Evelyn Bosma (Fryske Akademy) en prof. dr. Hans Van de Velde (Fryske Akademy/Universiteit Utrecht) en makket diel út fan it projekt ‘Multilectal Literacy in Education’, ûnder lieding fan prof. dr. Øystein A. Vangsnes (UiT Arctic University of Norway).

Boarne: Fryske Akademy

jannewaris 14, 2023 08:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.