Dichter fan Fryslân: Alde freonen
Resint ferskynd
‘Alde freonen’ is it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. De Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma, skreau diskear in gedicht oer ‘freonskip’. Dat is it tema fan de Nasjonale Poëzywike fan 26 jannewaris o/m 1 febrewaris. De Nederlânske oersetting troch Tsjerk Veenstra en de Ingelske oersetting fan Trevor Scarse binne werom te lêzen op de webside fan Dichter fan Fryslân.
Alde freonen

Sigrid Kingma (foto: Reyer Boxem/Boeken fan Fryslân)
Ik sit hechtsjend as oan lêzen pillen
– safolle binne it der ek net –
te suchtsjen om in lang ferlet
al jierren no deselde stillen.
En ja, it focht komt der al yn
plak en feech fan fretterij
wat op it each ûnderhâldsfrij
is boud mei spul en sinneskyn.
Kinst haadstik ien wol oerslaan
de earsten meitsje dochs dyn taal
in jeugdbân en dield ideaal.
Myn iepen boek en koart ferhaal
ik moat jim wat mear oandacht jaan
faaks wer ris in drankje dwaan.
Sigrid Kingma | Dichter fan Fryslân
Kin ik in oersetting krije yn it Nederlânsk?