Deputearre Poepjes jout ta: ‘Nulmjitting Frysk yn rjochtseal noch net ôf’
Resint ferskynd
Deputearre Sietske Poepjes lûkt har de krityk oan dy’t advokaat Tjalling van der Goot op de nulmjitting fan it Frysk yn de rjochtseal hat. Hy skreau dêr okkerdeis in opinystik oer op It Nijs. Frou Poepjes jout ta dat it oan de provinsje leit en ûnthjit betterskip.

Tjalling van der Goot (eigen foto)
Yn syn stik skriuwt Van der Goot dat sa’n mjitting net bedoeld wêze kin om de needsaak fan it gebrûk fan it Frysk yn de rjochtseal yn kaart te bringen. De wet is nammentlik helder: alle ynwenners fan Fryslân hawwe it rjocht om by de rjochtbank Noard-Nederlân en it gerjochtshôf Arnhem-Ljouwert Frysk te praten. Wat der ek út de saneamde nulmjitting komt, it kin it wetlik rjocht net oantaaste. Hy wiist derop dat it ûndersyk sa’t it útfierd is, net ôf is. Der binne allinnich online enkêtes en skriftlike ynterviews holden en der wiene te min respondinten om in goed byld te krijen. Boppedat wiene it Iepenbier Ministearje en advokaten net befrege, wylst advokaten út ûnderfining witte dat kliïnten it soms dreech fine om har yn it Nederlânsk te uterjen omdat dat net harren memmetaal is.

Sietske Poepjes. Foto © Provinsje Fryslân
It ûndersyk nei it gebrûk fan it Frysk by de rjochtbank Noard-Nederlân en it Gerjochtshôf Ljouwert-Arnhim is troch twaddejiers studinten útfierd yn opdracht fan de provinsje Fryslân. Frou Poepjes seit tsjin it Frysk Deiblêd dat de provinsje de opdracht better definiearje moatten hie en de studinten mear begelieding jaan moatten hie. Se seit dat it efterôf besjoen better west hie om it ûndersyk dûbeld te dwaan: én troch studinten én troch profesjonals.
Frou Poepjes erkent dat it ûndersyk gjin folwoeksen nulmjitting opsmiten hat. Dochs is it einrapport ferline moanne wol nei it ministearje stjoerd. Se jout oan dat neier, yngrevener ûndersyk nedich is. Dêrta wurdt in opdracht formulearre en it ferfolchûndersyk sil dit jier noch útfierd wurde. It Iepenbier Ministearje – dat oant no ta gjin meiwurking oan it ûndersyk ferliende – sil dan ek meidwaan moatte. Advokaten sille der ek yn behelle wurde.

Gerjochtshôf yn Ljouwert (foto: Wikimedia Commons/Crazy Phunk – CC BY-SA 3.0)
Ut de nulmjitting komt ûnder mear nei foaren dat hast in tredde fan it personiel fan de Rjochtbank Noard-Nederlân en it Gerjochtshôf Ljouwert-Arnhim it Frysk matich oant min ferstiet.
As dat sa is, wurdt gjin rjocht dien oan de wet, seit Van der Goot. Hy fynt dat de gerjochten easkje moatte dat elkenien op in sitting yn elts gefal it Frysk ferstean moat en dat dêr by need juridysk wat oer fêstlein wurde moat. Hy beklammet dat de oerheid in soarchplicht hat foar it brûken fan it Frysk en dêr de nedige maatregels foar treffe moat.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje