De nije Fryske wetterliny

jannewaris 19, 2023 09:09

 Ynstjoerd

Trochdat de benammen de brêgen, mar no ek in akwadukt, knap fertutearze binne, is de Fryske wetterliny nei fjouwer iuwen spontaan opnij ûntstien. De súdlike helte fan Fryslân hawwe we opjaan moatten neidat we ús weromlutsen hawwe efter de nije grins, it Prinses Margrietkanaal en de Lauwers. Nei jierrenlang djipte-ûntwettering tapast te hawwen, draacht it nije belied fan Wetterskip Fryslân no frucht. In sompe mear yn stee fan minder past ús wol. Oan de westkant fan Westergoa hawwe we it net opret om de Ofslútdyk iepen te hâlden en binne de kazematten fan Koarnwertersân ús lêste bastion. Gelokkich kinne de fisken dêr noch wol migrearje. Spannenburch stiet faai, mar it liket derop dat de Romeinen de brêge net ynnimme kinne mei harren swiere materiaal. Docht it efterstallich ûnderhâld dochs noch fertuten.

Gelokkich leit de regeartiid fan kening Jûkelburd efter ús, dat de kâns dat it PM-kanaal tichtfriest en de fijân oerstekke kin is net al te grut. No’t de piipster skûtsjes net mear yn Drachten boud wurde kinne draait Van der Meulen yn Snits as in tierelier. It iene nei it oare skûtsje komt fan de dwershelling. En yn Warkum hat skipswerfbaas Lord Wanhoop syn muzykynstruminten fansiden lein en it âlde ark wer oppakt. Ek de Sterke Yerke is wer te wetter litten. We dolle de slûs fan it Fryske doalhôf wer iepen. Ek de lûken fan de likhuzen fan Hylpen kinne wer iepene wurde.

En al is de Limes nei it noarden opskood en steane de Romeinen oan ús drompel, ús mienskip sil hoekhâlde. Wy sykje ús heil wer oer de Fryske See, no’t wy letterlik yn in hoeke dreaun binne.
De fjoertoer fan Warkum ljochtet wer op. Net langer mear mei de rêch nei see, mar we snuve de sâltige seelucht wer op no’t it evangeelje net langer mear út it suden komt.

Ek de brêgen yn Eastergoa lizze der fertutearze by, lykas dy fan Koatstertille en Strobos. En mei ús Sineeske rommelpot en diggelguod fan de Action kinne we ús terpen maklik opheegje. Wat fielt dat noflik, einliks wer baas op eigen hiem!

Foar flechtlingen dy’t harren heil by ús yn it noarden sykje, hoege we allinne de terp fan de takomst by Blije út te wreidzjen.

En sa libje Asteriks (Arno B.) en Obeliks (Wout Z.) noch lang en gelokkich. It libben is moai, it libben is prachtich.

Wie dit alles mar in dream, of wie it no in nachtmerje? Okkerdeis is der in nije laach lava oer de brêge by Twellingea kommen. Ik bin wekker wurden en dêrnei falt Vesuvius (wêr leit de grins?) wer yn in djippe wintersliep. ZZzzZzz.

Marcel Kamstra
Snits

jannewaris 19, 2023 09:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.