De Goddeleaze Tolhikke (skiednis)

jannewaris 14, 2023 09:00

Monumintsje foar tramslachtoffers.
Mei skriftlike tastimming oernommen fan https://afanja.com

Yn de simmer fan 1897 wiene trije Lippenhústers in poas fan hûs om by in boer yn Goaiïngahuzen te meanen en te haaien. Op woansdei 8 septimber setten se, neidat se de foarige deis dien wurk makke hiene, op hûs oan. Dat gie doe rinnendewei. Se koene mei in skipper oan Beets ta meifarre en dêrwei rûnen se fierder op Lippenhuzen oan. Underweis stutsen se by in herberch oan dêr’t se in pear buorrels namen. Yn De Sweach oankommen stutsen se wer oan en sloegen se noch in pear buorrels efteroer. By it folgjende kafee woene twa manlju al wer oanstekke, mar de tredde seach it swurk driuwen en gie allinne fierder op hûs oan. In skoftsje letter setten de oare beide ek op hûs oan. By de Goddeleaze Tolhikke, tusken De Sweach en Lippenhuzen, begûnen de buorreltsjes te wurkjen en waarden se sleau en sliepperich. Hja joegen har del oan de kant fan de dyk, mar se fernamen net dat se op en tusken de tramrails lizzen gien wiene. De lêste tram út It Hearrenfean kaam oanriden, mar de beide manlju hearden neat en de trammasinist seach neat. Hy fielde ynienen in skok en liet de tram stilhâlde, doe seach er de beide oanriden manlju lizzen. Se hiene it allebeide net oerlibbe. De liken binne mei deselde tram nei de Sweach transportearre en dêr kiste.
De mannen stiene goed bekend en wiene hurde wurkers. Nei wiken fan swier wurk en it fertsjinne lean op wei nei hûs fûnen se in tragysk ein as gefolch fan in te grut offer oan Bacchus. As oantinken oan dat foarfal hat de tolgarder in krús yn de berm útstutsen en dat mei soarch ûnderholden. Letter is op dat plak in krús fan beton set. De weiwurkers fan de gemeente soargen foar it ûnderhâld.

Op 28  febrewaris 1907 ried moarns in tram mei hannelswaar fan it stasjon fan It Hearrenfean fia De Gordyk nei Drachten. Njonken masinist Reidinga stiene wurkmaster J. Roorda en de arbeiders W. Comello,  R. van der Meer, J. Wesseling, J. van der Wal en H. van der Zwaag ek op ’e lokomotyf. Neidat se op De Knipe moal lost hiene, giene Van der Wal en Van der Zwaag nei de lege wagon oer, om’t it op de lokomotyf te krap wie. Doe stiene der fiif minsken op de lokomotyf, lofts twa en rjochts trije. De tram passearre de Goddeleaze Tolhikke. Flak foar it Alddjip fernamen se ynienen in skok en hearden se in soad lawaai en kreakjen.
Van der Wal en Van der Zwaag koene sûnder letsel út harren wagon komme en doe seagen se dat de lokomotyf kantele wie en tsjin in beam lei. Der kaam in protte gleonhjitte stoom los. De fiif manlju dy’t op de lokomotyf stiene, sieten klem en krigen troch dy hjitte stoom slimme brânwûnen, se raasden it út fan de pine. Al gau kamen omwenners en foarbygongers om te helpen, en dêr wie gelokkich ek in dokter by. Se waarden mei hynder en wein nei de Trijehoek by Lippenhuzen brocht en dêrwei mei de tram nei it sikehûs op It Hearrenfean.
De oare deis ferstoaren Willem Comello en Roelof van der Meer oan harren ferwûningen. Allinne Reidinga wie der goed foar weikommen, mar Wesseling en Roorda moasten yn it sikehûs bliuwe. Wesseling koe al gau nei hûs ta, mar Roorda syn tastân bleau nuodlik en nei twa wike ferstoar hy ek. Roorda wie yn it ferieningslibben in bekend persoan; lid fan it muzykkorps fan It Hearrenfean, foarsitter fan it bûn fan it Fryske trampersoniel, foaroansteand man yn de SDAP en de drankbestriding.
Nei ûndersyk bliek dat it ûngelok barre koe trochdat der rails los sieten. Dêrtroch siet der te folle romte tusken de oanslutingen.

Dat wiene net de iennige ûngelokken dy’t dêr barden. Yn 1854 hie it gemeentebestjoer fan Opsterlân by Keninklik Beslút tastimming krige foar it oanlizzen fan in grintwei tusken Beetstersweach en De Gordyk en foar it heffen fan tol. By it tolhûs stie ek in herberch mei drankfergunning. Dêr wenne oant 1864 Eise Frankes. Yn dy tiid is der ris in keapman deaslein en berôve en sûnt dat gefal wurdt dat plak de Goddeleaze Tolhikke neamd.
De tramline is yn 1884 oanlein. Der binne dêr nei dy tiid ferskate ûngelokken bard, dat mei rjocht kin men sizze dat it in ûnheilsplak wie. Yn 1887 waard dêr in man mei in hynder oanriden, beide oerlibben dat net.

De Goddeleaze Tolhikke 1884.
Boarne: https://gorredijk-historie

Yn de Hepkema fan 25 febrewaris 1893 stie dat in karrider, dy’t earder tramkondukteur west hie, mei in swier laden karre fan De Gordyk nei De Sweach ried. Under de karre rûnen twa hûnen. Op ’e karre lei ûnder mear in fracht fan 600 pûn kofjebeane, in fet framboazen fan 285 kilo en in fet peteroalje. Oan de foarste tsjillen fan de karre wiene útstekkende rânen makke, sadat er op de tramrails ride koe. Doe’t de karrider, troch de ljochten, fan fierren in tram oankommen seach, woe er de karre fan de rails helje, mar it iene tsjil rekke oan de bûtenkant fan de rail en doe wie yn de swierladene karre gjin beweging mear te krijen. De man gie de tram temjitte en rûn ek noch in stik mei de tram mei, lûd roppend om de oandacht fan de masinist te krijen. Dy masinist, Boonstra, seach him pas doe’t er al ticht by de karre wie en sadwaande net mear remje koe. De hûnen wiene op slach dea en fan de karre wie neat mear oer, mar de karrider oerlibbe wûnder boppe wûnder it ûngelok. Hy krige wol 25 gûne boete.

Yn de bosk by de Goddeleaze Tolhikke siet yn 1950 in grutte koloanje roeken. Dy binne doe fanwegen de oerlêst allegearre útmoarde. Fiifhûndert roeken waarden der deasketten. Dat moat in grouwélich byld west ha.

Der barre noch wolris ferkearsûngemakken op dy dyk.

Jangerben Mulder

jannewaris 14, 2023 09:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.