Briefkje oer taal (50)
Resint ferskynd
Ed Knotter reagearret op Jan Breimer syn foarige brief (sjoch https://www.itnijs.frl/2023/01/briefkje-oer-taal-49/)
Bêste Jan,
it wie wer moai om te lêzen, hoe’tsto in útdrukking analysearrest. Myn sintsje oer fertrouwen, dêr’t ik ‘te seil gean op’ yn brûke woe, kin ferskillend begrepen wurde. Wat wurdt krekt bedoeld en hoe wurdt it ynterpretearre. Is it in advys of in warskôging, of sit der in ekskús yn? Sa djipsinnich hie ik it noch net besjoen. It wie samar in ynfal en der sil grif noch wol wat betters te betinken wêze.
It brûken fan in fêst ferhâldingswurd yn útdrukkingen is in bysûnderheid yn de taal. Foar my is it in wûnder dat it hast altyd goed dien wurdt, wylst it hiel faak net út te lizzen is. Wêrom is it: wachtsje op, freegje om/nei, tinke oan/om? It ís gewoan sa. Myn twivel oer de fraach hokfoar ferhâldingswurd oft by fertrouwe(n) heart, hie net te krijen mei de wurden sels, want dat giet ‘automatysk’ goed, mar mei de regel dy’t derefter sit. Hoe falt it út te lizzen. Do hast dy fraach mei kreaze foarbylden ferdúdlike. Dat wie in moaie oanfolling op de (technyske) útlis fan Henk. It ferhaadwurdzjen (substantivearring) fan tiidwurden brocht my in apart foarbyld yn ’t sin.
Om fan in tiidwurd in haadwurd te meitsjen sette we der gewoan it foar en plakke der in n oan fêst. By rinne heart dan it rinnen, by prate it praten ensfh. It leauwen komt dus fan leauwe, lykas it witten fan witte. Dat binne dus haadwurden dy’t in aktiviteit oanjouwe. Mar no is it aparte dat wy it leauwe meastal sûnder slot-n skriuwe. It hânwurdboek neamt leauwen in fariant fan leauwe. Neffens de foarming fan in haadwurd út in tiidwurd kin men jin dat better oarsom foarstelle. De slot-n kin ôfsliten wêze, mar ik leau yn dit gefal net oan farianten. Ik sjoch earder in ferskil yn betsjutting tusken it wurd sûnder en dat mei in n. It leauwe is de godstsjinst, religy, wylst it leauwen op fan alles betrekking hawwe kin. Ik soe noch in stapke fierder gean wolle: it wurd geloof, yn it Frysk ynterferearre en útsprutsen mei in ploffende g oan it begjin, kriget wat deftigers, ferheveners mei in e derefter (gelove). Dy e hat it Fryske leauwe. Sa is it ek net de frou, mar de frouwe fan Starum; dat is justjes mear, justjes heger. Ik wit net hoe grut oft it leauwen oan dizze teory is, mar foar my is it in aardige nuansearring. ‘Leauwen en witten is twa’, is it sechje en dêr soe ik oan tafoegje wolle: ‘it tredde is leauwe, en dat heart by tsjerke’.
It ‘korrekt’ útsprekken en it ‘korrekt’ skriuwen fan lûden is in dreech ûnderwerp. Fan belang is yn alle gefal dat de krekte stavering by de krekte útspraak past. It skriuwen fan it lege o-lûd, [ɔ] dus tusken [o] en [a] yn, is problematysk. Dat dogge wy de iene kear mei de letter o (hok) en de oare kear mei in a (man). Yn it Noard-Frysk is dêr de letter å foar, mar dy brûke wy net. De twalûden binne yn de stavering goed regele en de lange ienlûden jouwe ek gjin problemen. Alteast net sa lykas yn it Hollânsk. It o-lûd yn ‘komen’ moast kreas ‘rûn’ wêze, dat waard ús op skoalle goed yndruid. Der is nochal wat dialektysk ferskaat yn de útspraak fan ‘komen’. Ik hearde koartlyn noch ‘koumen’, wêrby’t de lange o oergie yn in û. Dat wie suver in Fryske kou, dy’t no in ko wurden is. Yn 1980 is ommers de stavering oanpast. Mar dy ou siet ek yn houn en joun en yn dy wurden is de stavering feroare yn hûn en jûn. It is wol te begripen dat se doedestiids – alhiel neffens de útspraak – fan kou net kû meitsje woenen. Gelokkich mar, want dan soe it no, sûnt de lêste staveringsoanpassing fan 2015, as ‘koe’ skreaun wurde moatte.
Noch efkes oer dy twalûden; dêr stapte ik niis miskien wat te maklik oerhinne. Ik bedoelde dat de brekking, de oergong fan ôfgeand nei opgeand twalûd frij systematysk yn de stavering oanjûn wurdt. De ôfspraken dêroer ferwize net allinnich nei de útspraak, mar ek nei de wurdfoarming. As men de regels ienkear trochhat, jout it amper problemen, al is de útspraak net altiten oan de stavering ôf te lêzen. Dat bygelyks doar mei in ôfgeand en doarp mei in opgeand twalûd útsprutsen wurdt, moat men deagewoan witte. Dreger is it ferskil bygelyks tusken ui en eu. Yn fluit of fruit is de ui dúdlik te hearren, mar yn tuike hat it der wol oan. Hear ik somtiden net ‘teuke’?
Op it gefaar ôf dat it brief diskear wat lang wurdt, wol ik dochs wat oars noch op it aljemint bringe. Yn de Friesland Post, net in blêd dêr’t in protte Frysk yn te lêzen stiet, seach ik wat bysûnders. Der stie dúdlik: ‘Wistest dat … ’. Dy ferbûging fan it tiidwurd witte, dy’t net bestiet, stuts my as in brims. Nee, it die net sear, mar it makke wol dat ik perfoarst net mear wit wêr’t it artikel eins oer gie. Ik wit dat it gjin printflater wie, mar in nij taalferskynsel. Yn ’e notiid is it do witst en yn de doetiid do wist. Yn it blêd hie dus gewoan ‘Wisto dat … ’ stean kinnen. Yn ’e sprektaal is der lykwols in probleemke, nammentlik dat der tusken wist en witst gjin ferskil te hearren is. Dêrom wurdt der wol gauris in doetiidsútgong oan wist taheakke, as wie it in regelmjittich tiidwurd. As witte wier in regelmjittich (swak) tiidwurd wie, soe dy útgong –test efter de stam (wit-) komme moatte, mar dat makket it net dúdliker. It tiidwurd moatte hat itselde probleem (‘Wat moastesto dêr?’). By sizze spilet it ‘probleem’ ek op skrift: do seist kin sawol notiid as doetiid wêze. Dat smyt dan de doetiidsfoarm do seidest op.
Anne Merkuur hat ûndersyk dien nei dat ferskynsel en is derop promovearre. Der is hjir gjin ynfloed by fan oare talen, dat sa’n ynterne ûntjouwing yn it Frysk fertsjinnet omtinken. Hulde foar de wittenskiplike stúdzje, mar driget hjir net it gefaar dat it ûndersyk hingjen bliuwt yn akademyske sfearen? Wat hat de trochsneed Fryskprater deroan? It is te betiid om de taalboeken no fuort mar oan te passen. Miskien moat op it ferskynsel it near lein wurde, mar negearje kinne wy it net.
Mei freonlike groetnisse,
Ed
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje