Briefkje oer taal (49)
Resint ferskynd
Jan Breimer reagearret op de lêste brief fan Ed Knotter (sjoch https://www.itnijs.frl/2023/01/briefkje-oer-taal-48/)
Bêste Ed,
Do fregest my ferline wike oft dyn fynst ‘Te seil gean op goeried is goed, mar tink om ’e wyn!’ in goede wjergader wêze soe foar de útdrukking ‘Vertrouwen is goed, maar controleren is beter.’ Ik tocht earst dat dyn útstel mear as in advys te brûken is, wylst ik yn de Hollânske foaral in ekskús hear: ‘fertrouwen kin ik mei op ’e doele komme; it is better dat ik it kontrolearje’, mar dat komt tink trochdat ik him yn dy kontekst wolris hear. De Hollânske fariant kin likegoed as advys jilde. It is mar krekt yn watfoar situaasje dat er brûkt wurdt. Kinst yn dyn foarstel yn de neisin ek sizze: ‘mar ik tink wol om ’e wyn.’
Dan is der de fraach wat goed is: fertrouwe op of fertrouwe yn. It tiidwurd fertrouwe hat as fêst ferhâldingswurd op. Foar betrouwe jildt itselde. Wy kinne op minsken fertrouwe en ek op wat se sizze. Dochs is it net frjemd dat we ús ôffreegje oft mei fertrouwen ek yn te kombinearjen is, want by it haadwurd fertrouwen heart wol yn. Foarbylden (mei wat fariaasje):
1. ‘It folk hat net folle fertrouwen yn de polityk’, mar wol ‘It folk fertrout net bot op de polityk’ en ‘It folk fertrout de polityk net.’
2. ‘Dy swetser en dat geswets haw ik gjin fertrouwen yn’, mar wol ‘Dy swetser en syn praat kin ik net op fertrouwe’ en ‘Dy swetser en wat er seit frou ik net.’
Neidat ik dat opskreaun hie, seach ik dat Henk der ek al yn dy geast op reagearre hat. Ik lit it mar stean; it kin gjin kwea.
De lûden en de nuânseferskillen dêr’t se mei útsprutsen wurde is in nijsgjirrich ûnderwerp, sa’t Lútsen ek al reagearre. It is ek in dreech ûnderwerp. Guon nuânses wurde yn de skriuwtaal dúdlik makke en oare net. Ik tink dat dêr yn it skreaune Frysk mear omtinken oan jûn wurdt as yn it skreaune Hollânsk. Tink oan de ee yn it Hollânske beest en yn beer. Yn beer klinkt de ee as in twalûd, mar dat wurdt (yn de stavering) net ta útdrukking brocht. Yn it Frysk litte we dat wol sjen troch bear te skriuwen. By de oo hear ik in folle lytser ferskil yn de wurden schoon en school. De l efter de oo lûkt him wat nei ûnderen, mar ik ken ek minsken dy’t de oo yn school krekt sa sizze as yn schoon, schoot en ook. En no’t we it dochs oer de oo hawwe, komt my yn it sin dat ien fan de froulike nijslêzers op de lanlike telefyzje de oo nei de ou bûcht (boumen, heart it wol). Op skoalle learden wy: harkje foar in korrekte útspraak fan it Nederlânsk nei de nijslêzers op de radio. Dat is lang lyn. Doe mocht oan de útspraak net hearren wêze wêr’t in sprekker (fan bûten de Rânestêd) weikaam. Dat wurdt no net mear easke. Ien fan de waarmannen, ek op de lanlike tv, hat it altyd oer bijen yn stee fan buien. Dy wurdt sa’t it liket net op spraakles stjoerd, wat wol dien waard doe’t in meiwurkster fan Omrop Fryslân ek presintatrise by de NOS waard. Ik mei der graach oer dat lûden korrekt útsprutsen wurde, mar wat is korrekt? Witsto it? En wat jildt dêr yn it Frysk foar?
Ik slút ôf mei in praktykgefal. Dat is foar dy net wat nijs, mar foar guon lêzers wol.
As we wat fan immen wolle, him efter de broek of efter de fodden sitte, dan trúnje we him oan. Of moat dat trune wêze? Myn ûnderfining is dat in protte minsken trune sizze en skriuwe. Yn de doetiid en as mulwurd is dat goed, mar yn it tiidwurd sels (de nammefoarm of ynfinityf) heart in j. De bûging yn de notiid is: ik trúnje, do trunest, hy/sy trunet, wy/jim/sy trúnje; yn de doetiid: ik trune, do trunest, hy/sy trune, wy/jim/sy trunen; as mulwurd: haw trune. Krekt trochdat de j yn in protte fan dy bûgingsfoarmen net foarkomt, kinne minsken ûnwis wurde. En hoe giet soks, de iene skriuwt trune en de oare nimt dat oer yn it fertrouwen dat dat goed is.
Der is noch in oare swierrichheid mei dat wurd, en dan benammen mei oantrúnje. Guon litte dat foarôfgean troch derop: ‘Hy hie der by harren op oantrune.’ Dat is net goed. It moat wêze: ‘Hy hie harren oantrune.’ Dat is itselde as: ‘Hy hie der by harren op oanstien.’ As dy twa goede sinnen trochinoar griemd wurde, ûntstiet der in sin dy’t net goed is. Kontaminaasje neame we dat.
Mei freonlike groetnis,
Jan
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje