Briefkje oer taal (48)

jannewaris 17, 2023 08:00 Fernijd

Ed Knotter reagearret op de brief fan Jan Breimer (sjoch www.itnijs.frl/2023/01/briefkje-oer-taal-47/)

Bêste Jan,

“Fertrouwe is goed, mar … .” Sa wie it begjin fan ’e lêste sin yn dyn brief fan ferline wike. Fuortendaliks kaam my de namme fan in bedriuw yn ’t sin. Ferbjusterjend hoe’t reklame syn wurk docht. Ik wist ek noch dat it om in befeiligingsbedriuw giet. Security moatte wy no sizze, mar dy falske freon haw ik no wer net fan dat reklameberjocht. Dat hie bêst kinnen, want de reklamewrâld makket graach gebrûk fan Ingelske termen. Om’t ik net sa goed bin yn dy taal, tink ik dat in soad fan de bedoelde ynfloed troch reklameberjochten oan my foarbygiet. Mar mei it foarbyld fan Hofman foar eagen moat ik dêr dochs net op fertrouwe. Mar in Fryskeigen siswize dêrfoar? Dat soe ik net witte, mar as ik wat betinke moat: Te seil gean op goeried is goed, mar tink om ’e wyn!

It gie dy om it fertrouwen yn/op keunstmjittige yntelliginsje. Dêr moatte wy fansels hiel hoeden mei wêze. Keunstmjittich wol sizze dat der fan tefoaren troch minsken mooglikheden en betingsten yn in konsept ynfierd binne. In plan dêr’t algoritmen fierders it wurk yn dogge. Mar om’t nea yn ’t foar alle mooglikheden betocht wurde kinne, sille de algoritmen ek de ferkearde wei wize kinne.

Niis siet ik efkes te prakkesearjen oft ik fertrouwe yn of fertrouwe op skriuwe moast. Der is ferskil, mar hoe sit dat krekt? Taalkundigen sille dêr grif nijsgjirrige dingen oer sizze kinne en dêr bin ik nijsgjirrich nei, want ik wol graach alles witte. Dat bringt my by dy skjirre fan dy. It is al jierren lyn dat ik it wurd ‘Skjirrenijs’ seach. In moai betochte namme foar in knipselrubryk mei berjochten, útknipt út kranten en blêden. Oft it fan de provinsje wie, of miskien fan Frysk & Frij, dat heucht my net mear, mar it wie in aardige tapassing fan wurdboartsjen.

Dat eat nijsgjirrich is, wurdt almeast posityf begrepen (dy betsjutting, sokssawat as ‘ynteressant’, hat it Hollânsk net), mar as in persoan nijsgjirrich is, sil dat gauris negatyf útlein wurde. Op in ûnaardige wize alles (fan in oar) witte wolle en sels sinnich en kiezzich wêze. Om’t der gjin synonimebank foar it Frysk is, kin dêr gjin wurdewolk fan makke wurde. Dy soe der nammers hiel oars út komme te sjen as dy foar it Hollânsk.
Om’t sawol gjirrich as gierig in negative konnotaasje hawwe (sjoch mar nei al de ferwizings yn ’t wurdboek; fan behâldend oant skiterich en van hebzuchtig tot vrekkerig), hawwe nijsgjirrich en nieuwsgierig dy ek. En dêr hawwe Aachjes gauris lêst fan. Sa net ús mem, dy’t tafallich de namme Aegt hie, berne yn 1912 yn Zandvoort aan Zee. Sy mocht dy namme net lije, mar dat hie neat te krijen mei it ‘Nieuwsgierigh Aeghje van Enckhuysen’. Dat wie in personaazje yn in toanielstik en dêr komt dy siwize ‘in nijsgjirrich Aachje’ wei. Nee, ús mem hie it mier oan har namme om de útspraak yn de taal fan har bertedoarp en dat wie sokssawat as êchje, of eachje. Oft dat kaam fan de skriuwwize (ae), wit ik net, mar it hie wol wat fan in twalûd. Omdat sy dat net hearre woe, hat se ús altyd foar twalûden hoede. Yn de taalfarianten by de kust lâns, fan Fryslân oant Seelân, komme in soad twalûden foar, mar dy binne troch it ABN en ús mem foar ’t meast derút wrotten, tink ik.

It moast dus Aagt wêze, mei in ‘klanksuvere’ a. It wurd ‘boot’ waard yn Zandvoort krektsa útsprutsen as it Fryske ‘boat’, wat yn it West-Frysk ek sa is. Yn Haarlem learden wy fansels ‘boot’ mei in kreaze ‘rûne’ (klanksuvere) o. Mar it lange o-lûd giet byde ynwenners fan Haarlem út nei it twalûd ou of au. Dus net kopen, mar koupen. En dy skriuwwize sjocht men yn it West-Frysk en sa ek uitspouken. It Westerlauwersk Frysk hat yn spûkje dus mear rûning, mear foar yn ’e mûle, wylst yn Noard-Hollân de útspraak wider wurdt. De mûle noch in bytsje fierder iepen en ik soe ‘spauken’ en ‘kaupen’ skriuwe.

En dan no myn ûntdekking fan dit wykein, doe’t ik tafallich in kaartsje fan Spitsbergen ûnder eagen krige. Svalbard yn it Noarsk en Spitsbergen [Шпицберген] yn it Russysk tusken Noardkaap en de noardpoal. It meast noardeastlike eilân dêrfan hjit Nordaustlandet. Jawis, mei au. Prachtich. Mar it wetter tusken it haadeilân en Nordaustlandet hat dy au net; dat hjit Hinlopenstretet. Ek bysûnder.

Mei freonlike groetnisse,

Ed

jannewaris 17, 2023 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Lútsen jannewaris 17, 08:48

    Wat nijsgjirrich!

  2. Ed jannewaris 17, 09:33

    Ja Lútsen, dat is it foar my ek.
    Fan Jarich Hoekstra haw ik leard dat ‘Entrundung’ in wichtich skaaimerk is fan it Halunder, de taal fan ‘t Hilgelân (Helgoland). Dêr giet de mûle dus ek wat wider iepen, lykas by oare kusttalen, alteast yn Hollân. Soe dat ynfloed fan de see wêze? freegje ik my ôf.

  3. Henk jannewaris 18, 11:37

    By it haadwurd ‘fertrouwen’ (en farianten lykas ‘betrouwen’ en ‘betrou’) kinst it ferhâldingswurd ‘yn’ brûke: “Syn fertrouwen yn de minske wie grut.”

    By it tiidwurd ‘stelle’ kinst ‘op’ brûke. Omdat ‘fertrouwen’ gauris it saaklik foarwerp fan dat tiidwurd is, komt dy kombinaasje fan tiidwurd en ferhâldingswurd ek faak foar: “Hy stelde syn fertrouwen op de rjochter.” Fansels sille guon minsken sokke sinnen as ynterpretearje as hearde ‘op’ by ‘fertrouwen’.

    By it tiidwurd ‘fertrouwe’ komt it ferhâldingswurd ‘op’ foar: “Se fertroude op har sûn ferstân”. Tiidwurden kinst ek selsstannich brûke, se wurde dan ferhaadwurde. De ferhaadwurde foarm fan ‘fertrouwe’ is ‘fertrouwen’ en dat is fansels yn foarm gelyk oan it haadwurd ‘fertrouwen’. Dat makket dat ‘fertrouwen op’ ek fia dy rûte wol foarkomt: “It fertrouwen op nije techniken is net altyd like wiis.”

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.