Briefkje oer taal (47)

jannewaris 10, 2023 08:00 Fernijd

Jan Breimer reagearret op Ed Knotter syn brief (sjoch www.itnijs.frl/2023/01/briefkje-oer-taal-46/)

Bêste Ed,

Wat in nijsgjirrige saken brochtsto ferline wike nei foaren! It sette my fuort ta sneupen oan. By de yllustraasje fan allegear oaninoar besibbe wurden, sa’tsto dy yn de krante sjoen hiest, tocht ik oan de grafyske foarstellingen fan wurdferbannen dy’t ik altyd stean sjoch as ik www.synonimen.net rieplachtsje. Ik doch dêr neat mei, want meastal fyn ik yn de tabelwerjefte al gau wat ik fine woe. Nei oanlieding fan dyn brief haw ik my dêr dochs ris yn ferdjippe troch mei ferskillende trefwurden te besjen wat sa’n grafyske foarstelling opleveret. Krigest yn in kleurich patroan allegear wurden te sjen dy’t itselde betsjutte of dy’t mear of minder oaninoar besibbe binne. Dêr kinst yn alderhande situaasjes mei foarút.

Hoe’t we sa’n grafyske werjefte fan wurdferbannen yn it Frysk neame kinne, fregesto dy ôf. Do tochtst oan leksikogram. De foarbylden dy’t ik op it ynternet fan Ingelske leksikogrammen seach hiene sa’n stive tabelfoarm dat my dat gjin goede oplossing liket. Wurdewolk is tink ik it wurd dat krekt seit wêr’t it om begûn is. Dat komt fia woordenwolk fan word cloud. Op it ynternet is te finen hoe’t sokke wurdewolken makke wurde kinne.

Wy kamen dêrop troch it begryp synonym, it ferskynsel dat in begryp of in ding soms of faak mei ferskillende wurden oantsjut wurde kin. Oarsom hat in wurd ek wolris ferskillende betsjuttingen. Dy beide ferskynsels meitsje dat in taal dreech wêze kin, benammen foar wa’t der net yn grut wurden is, mar ek boeiend, nijsgjirrich. Dat ik dat lêste wurd dêroan tafoegje is net om ’e nocht. As bern tocht ik oan in nije skjirre en ik begriep net wat dy dermei te meitsjen hie. Letter waard my dúdlik dat it om gjirrigens nei nijs (nieuwsgierig) gie en noch wer letter krige ik troch dat men mei “Dat is nijsgjirrich!” sizze kin dat men eat net ûnaardich (ek eufemistysk) fynt. Ik hearde ris ien sizzen: “Ik bin net nijsgjirrich, mar ik wol wol graach alles witte.” Nijsgjirrich hie foar har in negative betsjutting: se woe net foar in ‘nijsgjirrich aachje’ of in ‘nijsgjirrich âld hin’ oansjoen wurde. Dat it hearde as woe se har ferûntskuldigje foar dat se net ynteressant wie, sil se net bedoeld hawwe, mar sa wie har sizzen ek út te lizzen. Minsken kinne earne nijsgjirrich nei wêze en in saak (ding, ferskynsel) mar in persoan ek kin nijsgjirrich fûn wurde. As it fan in minske sein wurdt, kin ek noch bedoeld wurde dat er sinnich, noartsk of kiezzich is. Sokke kwestjes haw ik niget oan en ik kin der mei niget oer lêze. Al dy wurden, niget ek, soene yn in wurdewolk fan it trefwurd nijsgjirrich grif in plakje krije.

Oan ’e ein fan de fiifde alinea fan dyn foarige brief fregesto my oft sa’t yn de dêr neamde kwestje myn oplossing ek wêze soe. Myn antwurd: jawis. Sa’t is de gearlûking fan sa at (yn skriuwtaal sa as). Troch de twa a’s efterinoar klinke dy wurden samar as wiene se ien wurd. Yn zoals is dat gjin swierrichheid, mar yn sa as wol. Dat ferfange we dêrom troch sa’t.

Fan ’e wike lies ik yn in krante dat it yn Boalsert “stil rûnom Gysbert” is. It gie oer de ûnwissens fan de bestimming fan it Gysbert Japicxhûs. Dat is wer sa’n gefal fan ‘ferkearde freonen’: in Frysk wurd dat op in Hollânsk wurd liket, mar net itselde betsjut. Rûnom = oeral, it Hollânske rondom = om … hinne. Dat hie it dan ek wêze moatten: it is stil om Gysbert hinne. Tichteby lizze ek wer ferkearde freonen op ’e loer. Omtrint betsjut hast, sawat, likernôch (‘de brief is omtrint ôf’). It Hollânske omtrent hat dy betsjutting ek wol, mar it kin yn mear ferbannen brûkt wurde en dan sette wy it oars oer: omtrent de oorlog in Oekraïne… = oer de oarloch… of wat de oarloch oangiet…; omtrent de jaarwisseling = om âld en nij hinne. Ek wer gefallen foar in wurdewolk. Nei it lêzen fan de skôging fan Sybren Singelsma op âldjiersdei tink ik dat sa’n wolk mei keunstmjittige yntelliginsje ek yn it Frysk te meitsjen is, mar dat it konsept wol troch taalkenners neisjoen en oanpast wurde moat. Fertrouwe is goed, mar kontrolearje is better. Of hawwe we dêr in Fryskeigen siswize foar?

Mei freonlike groetnis,

Jan

jannewaris 10, 2023 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.