Briefkje oer taal (46)

jannewaris 3, 2023 08:00 Fernijd

Ed Knotter reagearret op Jan Breimer syn lêste brief (sjoch www.itnijs.frl/2022/12/briefkje-oer-taal-45/)

Bêste Jan,

etymology en synonimen binne wichtige saken om eat fan wurden en harren betsjutting te begripen. Dêr soe foar it Frysk folle mear stúdzje nei dien wurde moatte. Dyn suggestje foar in synonimebank kaam my fuort yn ’t sin doe’t ik dy moaie yllustraasje seach yn it krystkatern fan it Friesch Dagblad: in heale side mei allegearre ferskillende wurden mei ûnderlinge ferbinings op ien tema, ien grûnbetsjutting, it begryp ‘welbehagen’. Sûnder taljochting, mar dat wie ek net perfoarst nedich. Prachtich, mar wol spitich dat de krante sok moais allinnich yn it Hollânsk presintearret. De lêzers meie wol wat oer taal leare, as it mar yn it Hollânsk is. By it wyklikse koart ferhaal jout dy krante yn absurd grutte letters de Hollânske oersetting fan ienfâldige Fryske wurden. Wat in brike foarm fan twataligens, beskamsum. It liket wol as wolle se dêr de side mei fol meitsje. Ik freegje my wolris ôf wa’t útmakket hokker yn it ferhaal brûkte wurden ûnbekend binne.

Oant safier myn argewaasje, no wer fierder mei it moaie fan dy yllustraasje. Neame se dat net in mindmap nei it Ingelske mind map? Soe yn ús gefal leksikogram net passend wêze? De wurden binne synonimen, mar dochs net allegearre en net folslein en dat jout in ryk ferskaat oan ynhâlden. Men soe hiel lang redendiele kinne oer de fraach wat it ferskil yn betsjutting is. Wêrom hat in taal safolle ferskillende wurden foar hast itselde? It giet my net om in konkreet antwurd op dy fragen, mar om it neitinken en praten deroer.

Om’t de bern en bernsbern dy’t yn it Swarte Wâld wenje, by ús útfanhûs wienen, koe ik moai ris freegje hoe’t it no krekt mei sowieso sit. Dat wie yn ’e midden fan it wurd betsjut lykas: “schwimmen wie ein Fisch.” Sa lykas sa, of kin ik sizze: sa, sa’t it sa is? (sa, sa’t sa sa is). Men begjint derfan te stammerjen, mar de bedoeling is dúdlik: it kin gewoan net oars. En dy betsjutting hawwe wy fan de Dútsktaligen sa goed begrepen, dat wy it wurdsje graach liene wolle. It slagget net om der in lienoersetting foar te finen. Sa sa sa is betiizjend, sa lykas sa te kompleks en sawiesa doocht net. Sawisa soe as kompromis miskien noch kinne, mar it is fansels hielendal net nedich. Yn dyn brief steane genôch Fryske mooglikheden.

Dat it Dútske wie sawol hoe as lykas betsjutte kin, is net sa gek. Mei ‘swimme lykas in fisk’ wurdt ommers bedoeld: ‘hoe’t in fisk dat docht.’ Dêrmei sjoch ik yn it ‘leksikogram’ (of kin ik it better ‘wurdwolk’ neame?) in pylkje tusken hoe en lykas. [grappich dat it Ingelske who (wa, Holl. wie) útsprutsen wurdt as hoe, dat yn it Dútsk wer wie is.]

Sa wiis as Dútsers wêze meie mei harren wurdsje sowieso, sa wiis bin ik mei in wurdsje as lykas, it priuwt lekker. Mar okkerdeis kaam ik mei it gebrûk derfan dochs op in probleemke: Mei ‘Hy docht it hjoed lykas juster’ is neat te rêden. Mar no: ‘Hy docht it hjoed lykas er it juster die.’ No komt myn taalgefoel yn opstân, want no’t der in bysin yn it spul is, haw ik ferlet fan it bynwurd dat. Safier’t ik wit bestiet Lykasdat lykwols net, wylst ‘hoe’t (hoedat) er it juster die’ hiel fanselssprekkend is. Lykas’t wol ek net. Dêr soe ik dan fan meitsje wolle: ‘Hy docht it hjoed sa’t er it juster die.’ Soe dat ek dyn oplossing wêze, Jan?

Dyn útlis fan altyd en hieltyd brûk ik allyk sa; dêr binne wy it folslein oer iens.
De etymology en betsjutting fan kedize is folle nijsgjirriger. Dat Que dis je sa helder te hearren is yn dat tiidwurd is sawisa prachtich (och hea, wat komt my no oer … ). Yn de betsjutting sit it elemint ‘sizze’ (dire); ik mei it sizze (je dis). Dat hâldt yn dat ik earne wat oer te sizzen haw; dat myn stim telt. Wat yn it bedriuwslibben de ‘ûndernimmingsried’ is, hjit foar it ûnderwiis ‘meisizzenskipsried’. Doe’t ik foar it wurk lid wie fan sa’n ynspraakkommisje, waard deroer tocht om dy meikediisried te neamen. Dat wurd stiet net yn it wurdboek, mar it hie wol aardich west as it deryn kaam. Meisprekke en meikedize binne ommers synonimen.

Mei freonlike groetnisse,

Ed

jannewaris 3, 2023 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.