Brânbrief ûndernimmers: kom gau mei oplossing A7

jannewaris 12, 2023 10:45

Bedriuwen yn Noard-Nederlân sitte yn grutte noed oer de ôfsluting fan de A7 tusken De Jouwer en Snits. It transport hat dêr in protte lêst fan. Dat rekket bedriuwen en wurknimmers. Omdat foarearst noch gjin sprake fan in needoplossing is hawwe in stikmannich ûndernimmers in brânbrief nei minister Harbers fan Ynfrastruktuer en Wettersteat stjoerd.

“It is ús dúdlik dat de oerheid oerfallen is troch wat der by it akwadukt bard is, mar we begripe net wêrom’t der noch gjin needoplossing is”, seit Christien Lycklama à Nijeholt fan transportbedriuw Hoekstra yn Snits, ien fan de inisjatyfnimmers fan de brief. “It is ûnferantwurde om alle ferkear troch doarpen en oer diken mei brêgen om te lieden. Dat jout ûngelokken en opûnthâld, benammen as meikoarten de brêgen wer om it kertier iepengeane.”

Foto Hoekstra Transport

In needoplossing is wis wol mooglik, sizze de ûndernimmers. “Bygelyks troch yn de tunnel tydlik ien baan iepen te hâlden, dêr’t de B-wegen mei ûntsjoen wurde.” As sa’n foarfal him op in rykswei yn de Rânestêd foardien hie, soe dy noch net in wike ticht west hawwe, tinke de ûndernimmers. “Soks stekt. Wy binne dochs likegoed fatsoenlike ûndernimmers dy’t foar in soad wurkgelegenheid soargje en alle jierren belesting betelje?”

De bedriuwen beklamje dat de belestingdruk foar de transportsektor ôfgryslik heech is. Se ferwachtsje dat de oerheid foar in fatsoenlike ynfrastruktuer soarget. “In kertier opûnthâld op de hinne- en weromwei liket miskien net safolle, mar it kostet foar in frachtwein 50 euro. Op jierbasis kostet soks in bedriuw as dat fan Poiesz Supermerken lykwols 1,25 miljoen. En dat is dan noch mar ien ûndernimming.

jannewaris 12, 2023 10:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.