Bouwe de Boer: It goede nijs fan 2023

jannewaris 14, 2023 07:00

Kollum

Nei de alarmearjende berjochten yn 2022 oer de enerzjyfoarsjenning is it wol tiid foar wat optimisme. Dêrom dat ik foar it nije jier moaie ûntwikkelingen foarsis.

Yn 2023 sille we yn Fryslân it oantal fan 75 enerzjykoöperaasjes berikke. It binne der no santich en dát is al in nasjonaal rekôr. It betsjut dat noch mear doarpen en wiken oan de enerzjytransysje fan ûnderen op wurkje. It is tige nedich om der mei-inoar foar te soargjen dat we hieltyd mear baas oer eigen enerzjy wurde.

Dielauto’s, dat wurdt yn 2023 ek in sukses. Der leit in Frysk oanbod foar doarpen dêr’t in soad belangstelling foar is. Ik foarsis dat we dit jier op fyftich dielauto’s komme. Op it stuit binne der yn doarpen acht. It oantal elektryske hier-dielsloepen op it wetter giet nei de 150.

Iepenbier ferfier: yn 2023 wurdt it iepenbier ferfier yn Fryslân oanbestege. Alle dagen ride der sa’n twahûndert bussen. De measte dêrfan ride no op disel. Ein 2023 sil dat feroarje. Ik ferwachtsje dat njoggentich persint elektrysk wurdt, in stikmannich op ‘blauwe disel’ en dat twa bussen op wetterstof ride sille. Dat jildt foar de kommende tsien jier!

Wynmûne Reduzum. Foto © Syb van Lingen

Isolearje wurdt in tsjoenderswurd, it bêste antwurd op it besparjen fan enerzjy! De Fryske bedriuwen dy’t goed yn isolearjen binne begjinne mei it organisearjen fan in mienskiplike oanpak en de oerheid regelet subsydzjes en in strakke organisaasje. It projekt sil Frisolaasje komme te hjitten. Dy ‘isolaasjetrein’ komt yn ’e rin fan 2023 lekker op gong. Der binne in protte subsydzjes en de takenning ferrint simpel.

Op 15 maart wurde de provinsjale ferkiezingen holden. Foar doarpen komt der in mooglikheid foar in eigen wynmûne. As in doarp dat wol, kin it dochs noch in wynmûne sette. Der binne genôch doarpen dy’t dat krekt as Reduzum en Tsjom wolle. Yn it nije bestjoersakkoart wurdt dat regele.

It boppesteande is noch mar in fraksje fan it goede nijs, mar soks kin allinne yn Fryslân!

Dit is nûmer 73 yn de rige Fryslân – Skjinnerlân
Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân – Skjinnerlân.
jannewaris 14, 2023 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.