Bloch: Op wei nei de 36e Nijjiersrevu op ’e Jouwer

jannewaris 18, 2023 09:30

In jannewaris oars as oare

Jannewaris is foar de meiwurkers fan de Nijjiersrevu op ’e Jouwer dé moanne fan it jier. Dan steane se ommers altyd op ’e planken, fiif foarstellingen lang. Yn ’e earste wike fan it nije jier is it yn ‘e oanrin nei dy foarstellingen ta fansels ek ien grutte drokte: dekôr opbouwe, technyske repetysje, generale repetysje, de puntsjes op ’e i sette, by de stipers lâns om prizen op te heljen en gean sa mar troch.

Foto: Revuploech De Jouwer

Dizze jannewaris is dat oars. Der binne gjin foarstellingen. Dus de drokte dêrom hinne is der no ek net. De spilers, muzikanten, bestjoersleden en alle oare meiwurkers “wenje” lykas alle oare jierren no net yn It Haske op ’e Jouwer. Eins is dit al de tredde jannewaris dat it oars as oars is. Yn jannewaris 2021 siet hast elkenien thús fanwegen de tichtplicht. Foar de leden fan de revuploech wie it in swiere dobber doe’t se yn novimber 2020 hearden dat se net fierder repetearje mochten foar de 35e Nijjiersrevu.

Yn septimber 2021 giene hja op ‘e nij oan ’e gong. Hja songen en spilen dat it in leave lust wie. Dy 35e Nijjiersrevu moast der komme, sa gau mooglik! Wát in soere apel: yn desimber 2021, krekt doe’t de ploech der hast klear foar wie, gie alles wer op slot….

“Dit komt ús gjin tredde kear oer”, tochten de minsken fan Nijjiersrevu De Jouwer. Hja namen in bysûnder beslút: de 35e Revu wurdt in Neijiersrevu! En sa kaam it dat yn oktober 2022 de 35e Revu einliks foar it fuotljocht brocht waard. “Dit dogge wy mar ien kear”, litte se witte. Yn jannewaris 2024 kin it Jouster folk wer genietsje fan in echte Jouster Nijjiersrevu.

Jannewaris 2023 is foar de skriuwers in moaie kâns om al wat earder mei it skriuwen fan skerpe stikjes en moaie ferskes te begjinnen. Want ja, jo moatte dochs wat sa oan it begjin fan it nije jier.

Folkeline Papjes, Revuploech De Jouwer, jannewaris 2023

Besjoch en beharkje it iepeningsnûmer fan de 35e Revu:

jannewaris 18, 2023 09:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.