Binne Mosk: Iran wol dat ‘Charlie Hebdo’ oanpakt wurdt

jannewaris 5, 2023 19:29

It nûmer dat it wike nei de oanslach yn 2015 útkaam.

Freedtemoarn acht jier lyn, op 7 jannewaris 2015 om healwei tolven, kamen de twa bruorren Saïd en Chérif Kouachi it kantoar fan it tydskrift Charlie Hebdo yn. Se hiene kûgelkearende festen oan, wiene maskere en bewapene mei kalasjnikovs. Se skeaten 12 meiwurkers dea. It wie ien fan de earste grutte moslimoanslaggen yn Paris.

Op 13 novimber fan datselde jier waarden 130 minsken deasketten yn en om teäter Bataclan hinne. Dêrnei wiene der oanslaggen yn Nice, Toulouse en Strasbourg. Twa manlju – pryster Jacques Hamel, 85 jier, en ûnderwizer Samuel Paty – waard de hals trochsnien. Mei-inoar wiene der yn Frankryk nei 2015 sa’n lytse trijehûndert slachtoffers fan moslimterroristen, religieuze fanaten, mear as tûzen ferwûnen, wylst sa’n santich oanslaggen feridele wurde koene. It is dan ek te begripen dat in grut part fan de Frânske befolking net entûsjast is oer de religy fan harren moslimmienskip.

Charlie Hebdo publisearre ôfrûne wike cartoons oer de Iraanske religieuze lieder Khamenei. It wie in spesjaal Irannûmer en bedoeld as stipe foar de protesten nei de dea fan Mahsa Amini, dy’t oppakt waard troch de religieuze plysje yn dat lân en om it libben kaam, omdat se har holdoek net goed droegen hie. De opdracht fan de redaksje wie om tekeningen te meitsjen dy’t bedoeld wiene om Khamenei te bespotten. Leafst sa ûnfatsoenlik mooglik.

Khamenei bepisse troch in bleate frou

Dat is slagge. Yn dit nûmer fan Charlie Hebdo wurdt de Ayatollah op ferskillende wizen ôfbylde: mei in bom as tulbân, hingjend oan in galge en lizzend tusken de skonken fan in bleate frou dy’t op him pisset. Iran sprekt der skande fan en hat de ambassadeur fan Frankryk op it matsje roppen. Se wolle dêr dat Frankryk yngrypt. Dat sil net barre. De frijheid fan miening en satire is grut yn dat lân, dat al mear as hûndert jier in skieding tusken tsjerke en steat hat.

Ik ken Charlie Hebdo en haw it yn Frankryk wolris kocht. Yn it ferline koest it yn Nederlân keapje, sels yn Ljouwert by Lektuurhal Over de Kelders. Neffens my wurdt it net mear ferkocht, omdat de taalfeardichheid fan mar in inkeling grut genôch is om it tydskrift te begripen.

Net alle Frânsen binne bliid mei dizze Charlie Hebdo. It sil de ferhâldingen mei de moslimmienskip wer op skerp sette en dy binne al net sa bêst. Fan de oare kant bringt it tydskrift de miening ûnder wurden fan it grutste part fan de befolking dat noch leaver sjen soe dat Khamenei by it sjen fan dizze cartoons fan skrik deafalt. Der hopet in grut part fan de Iraanske befolking ek op.

Iran hat noch in lange wei te gean op wei nei mear frijheid, mar men wit it net. De fal fan de Berlynske muorre kaam ek ûnferwachts.

Op de foto ien fan myn eigen Charlie Hebdosamling.

jannewaris 5, 2023 19:29
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Bouke Slofstra jannewaris 5, 19:49

    1. Zjin zjian azadi.
    2. “De moslimmienskip” en de “de islam” binne grutte wurden mei lytse betsjutting.
    3. Mahsa? Do bedoelst grif: Zjina. Mahsa is de offisjele Farsi-namme fan it frommis dat gjin Zjina hjitte mocht, omt Zjina in Koerdyske namme is.
    4. Charlie Hebdo hat humor. Dy “opdracht” wie — tocht ik — in fersyk fan de redaksje oan oan oare tekeners. Dy tekeners hawwe faak minder humor. Hoe grappich is in ayatollah oan in galge?
    5. Baas Burdsjeman hat hielendal gjin humor.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.