Binne Mosk: Ien op de seis bern te swier

jannewaris 26, 2023 12:00

Kollum

Boarne: Wikimedia Commons, CC BY-SA 4.0

Kornelis Lieuwes de Vries waard op 25 febrewaris 1854 berne yn Hurdegaryp. De measte lêzers sille him net kenne. Hy wie fan 1890 oant 1920 haad fan de iepenbiere legere koalle yn Sumar. Yn dat doarp stiet in keunstwurk, in oantinken ta eare fan dy skoalmaster: twa ierappelplanten. Kornelis Lieuwes de Vries wie ierappelkweker yn syn frije tiid en kweekte yn 1905 mei sukses de fariant Bintje, neamd nei ien fan syn âld-learlingen. Bintsjes binne ierappels dy’t in soad brûkt wurde foar patat.

No wol it regear al jierren it tal snackbars mei patat en wit ik wat noch mear beheine, want Nederlânske bern wurde te grou, om net te sizzen grouwélich te grou. Guon sille net bliid wêze mei dit regear, want by bygelyks C&A hawwe se klean spesjaal foar dikke bern. Bern mei in taille dy’t acht sintimeter grutter is as trochstrings. Sis mar in soarte fan ‘posysjeklean’. Ik freegje my ôf hoefolle dikker oft men wêze moat foar sa’n taille. As it my goed heucht, kinst soks berekkenje mei 2πR en πR yn it kwadraat, mar dêr haw ik no gjin nocht oan.

It boppesteande brocht my derta om yn de supermerken te sjen watfoar iterij, sis mar fretterij, en drinken yn pakjes der foar bern leit om it skoft troch te kommen. Dat falt net ta. Freegje my net hoe’t it smakket, want moarns om healwei tsienen yt ik roggebrea mei tsiis, sûnder bûter en drink ik twa koppen kofje.

TNO hat bern fan 6 oant 11 jier ûndersocht op harren iten en bewegen. It ûndersyk waard útfierd yn fiif stedsfernijingswiken en fiif kontrôlewiken yn Vlaardingen, Schiedam, Haarlem, Rotterdam, Amersfoort en Hengelo. De bern holden in deiboekje by en skreauwen op wat se ieten en wat se oan beweging diene. De deiboeken bliken frij earlik te wêzen. Neffens de troch harren sels ynfolle boekjes beweecht hast de helte fan de ûndersochte bern hielendal net. Mar in lyts part, 4 prosint fan de jonges en 3 prosint fan de famkes foldocht oan wat nedich is. It docht bliken dat bern yn stedsgebieten mei mear sportfjilden, grien en wetter yn de buert mear bewege as bern dy’t yn in stedswyk mei in soad ferkear wenje.

Hast ien op de trije bern yn it ûndersyk hie oergewicht en hast njoggen prosint hie slim oergewicht. It komt net allinne fan it snobjen en iten. It komt trochdat se te min bewege. Dus skoallen en stedsûntwerpers: meitsje mear romte foar boartersplakken en minder plak foar auto’s. En âlden: smyt de tv en de snoadfoan de doar út.

Yn Sumar, dêr’t dat moaie keunstwurk ta eare fan De Vries stiet, sil it mei it gewicht fan de bern wol tafalle. Dêr is in soad romte om te boartsjen, of soene de bern dêr ek al mei harren mobyltjes op ’e bank lizze en derút begjinne te sjen as in tsjokke ierappel ?

jannewaris 26, 2023 12:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.